Bûtenlânske topreedriders meie dochs yn Thialf trainen bliuwe

Reedriders oan it trainen yn Thialf © ANP Foto
Reedrydbûn KNSB hat de maatregel om bûtenlânske reedriders te kearen by kommersjele ploegen útsteld oant nei de Olympyske Spelen fan Milaan yn 2026. Dat bestjut dat se gewoan yn Thialf traine meie op de topsportoeren.
De KNSB hie earder dit jier bekendmakke dat it fan heal 2024 ôf net mear tastien woe dat bûtenlânske reedriders yn de Nederlânske reedrydploegen gebrûk meitsje koenen fan de troch NOC*NSF finansiere topsportoeren. Dat beslút is foarearst dus net mear fan krêft.

Profitearje

"Dat betekent zeker niet dat de discussie over niet-Nederlandse rijders die gebruikmaken van onze topsportfaciliteiten van tafel is", seit technysk direkteur fan de KNSB, Remy de Wit, op de webside Schaatsen.nl.
"En ons standpunt is evenmin veranderd. Maar we parkeren dit onderwerp, mede doordat me in gesprekken met Team IKO duidelijk is geworden dat die ploeg lange termijncontracten heeft die gestoeld zijn op de aanwezigheid van de Belg Bart Swings. Het zou de Nederlandse rijders ook raken, wanneer je je in deze kwestie heel hard opstelt."
De Wit is fan miening dat de bûtenlânske reedriders tefolle profitearje fan it hege nivo en de fasiliteiten by de Nederlânske teams. "We kiezen hiervoor om ook in de toekomst met TeamNL olympisch succes te boeken", sei de technysk direkteur earder hjiroer.