Bosschaart tekenet by Feyenoord, mar wurket takom seizoen by FC Dordrecht

Pascal Bosschaart is takom seizoen assistint-trainer by FC Dordrecht. It kontrakt fan Bosschaart by SC Cambuur waard net ferlinge. Yn Ljouwert wie er fjouwer seizoenen assistint-trainer en foel er ek in tal kearen yn as ynterim-haadtrainer.
Bosschaart wurket formeel foar Feyenoord. Dy klup lient him út oan FC Dordrecht as ûnderdiel fan in gearwurking. Feyenoord hopet talinten foar harren eigen klup op te lieden yn Dordrecht. "Met Bosschaart hebben we bij uitstek iemand met Feyenoord-DNA ter plaatse die dat proces kan ondersteunen", seit Dennis te Kloese, algemien direkteur fan Feyenoord.
Alde leafde
It nijs dat it kontrakt fan Bosschaart net ferlinge waard by Cambuur, kaam foar him as in klap. Yntusken hat er dus in nije baan by syn âlde leafde Feyenoord. Hy kaam as spiler 53 kear yn aksje foar dy klup.
"Door Feyenoord ben ik nu gedetacheerd, dat is mooi. Ik hoop een hoop kennis en enthousiasme toe te voegen. Met Cambuur hebben we laten zien dat we op een hoog niveau kunnen voetballen. Ik hoop die expertise mee te nemen om de jongens hier beter te maken", seit Bosschaart.