Plysjes dy't op Andries Booi út Boelensloane skeaten, wurde net ferfolge

De trije plysje-aginten dy't yn septimber 2021 op de 28-jierrige Andries Booi fan Boelensloane skeaten, wurde net ferfolge. Dat hat it Iepenbier Ministearje moandeitemiddei bekendmakke.
Yn septimber 2021 ferstoar de 28-jierrige Andries Booi út Boelensloane troch in plysjekûgel. Dat barde nei in efterfolging op hege snelheid. Doe't syn auto ta stilstân kaam op de Fjouwer Roeden ried hy op twa plysje-manlju yn. De aginten hawwe dêrop op de auto sketten.
Nei ûndersyk fan de Ryksresjerzje is it Iepenbier Ministearje fan miening dat de aginten rjochtfeardige berop dwaan kinne op needwar. Booi kaam mei syn auto efterút ôfriden op de plysjes. Hy hie dêrfoar al ûnfoarspelber gedrach fertoand, wêrtroch't de plysje-aginten bang wienen foar harren eigen feiligens.
Net alles dúdlik wurden
Nei't de auto efterút ried, is er dêrnei foarút gien en yn in greppel ta stilstân kaam. Ut it ûndersyk docht bliken dat Booi doe al ferstoarn wie.
Plysjes wurde net ferfolge foar sjitten op Andries Booi út Boelensloane
Wol hat bliken dien dat Booi om it libben kaam is troch ien plysjekûgel. Twa oare plysjes skeaten mis. De Ryksresjerzje hat net efterhelje kinnen wat it eksakte momint fan it deadlike skot wie.
"Dat betekent dat niet kan worden vastgesteld of de dodelijke kogel is afgevuurd op het moment dat de auto achteruitreed, stilstond of vooruitreed. Wel staat vast dat er is geschoten in een tijdsbestek van vijf seconden, waarbij de eerste schoten zijn gelost op het moment dat het voertuig achteruit op de politieambtenaren inreed", skriuwt it IM.
Ferliezers
It Iepenbier Ministearje lit fierder yn in statement witte dat dizze saak allinnich mar ferliezers kent: "Een 28-jarige man heeft zijn leven verloren. Zijn familie en vrienden moeten verder leven zonder hem, met in het achterhoofd de gedachte dat nooit helemaal duidelijk zal worden wanneer de dodelijke kogel hem heeft geraakt. Ook een politieambtenaar moet leven met de gedachte dat hij tijdens zijn werk, door het gebruik van zijn dienstwapen, iemand heeft doodgeschoten."
De âlders fan it slachtoffer litte witte it beslút fan it IM "onbegrijpelijk en onacceptabel" te finen. Se wolle dat de ûnderste stien boppen komt en tsjinje in klacht yn by it gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert wêryn't se it IM freegje om dochs te ferfolgjen, sa stiet yn in ferklearring. "Wij zijn van mening dat de omstandigheden waaronder onze zoon het leven heeft gelaten om een rechterlijk oordeel vragen."