Liveblog | 25 juny

112-nijs fan 25 juny: Brânwacht rêdt ko út wetter by Drachten | Hynders komme hast om fan de drûchte

In dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân fan hjoed.

Lêst bywurke: 25 juny, 22:27
22:27

Negatyf swimadvys Yndyk

De provinsje Fryslân hat in negatyf swimadvys ôfkundige foar de lokaasje Yndyk. "De kans op gezondheidsklachten is daar te hoog in verband met een bacteriologische overschrijding", meldt de provinsje.
Der binne mear plakken dêr't in negatyf swimadvys jildt. Op de webside www.zwemwater.nl stiet in kaart dêr't op te sjen is wêr't je wol of net feilich swimme kinne.
Der binne mear plakken dêr't in negatyf swimadvys jildt © zwemwater.nl
22:08

Brânwacht rêdt ko út it wetter

De brânwacht hat in ko rêden út it Djippe Gat by Drachten. Foarbygongers op in boat seagen it bist en skeakelen de brânwacht yn. Mei in trekker koene de brânwachten it bist wer op it drûge krije.
© SR Fotografie
18:34

Treinen ride wer

Tusken Akkrum en Ljouwert ride de treinen wer.
16:23

Gjin treinen tusken Akkrum en Ljouwert

Der ride op dit stuit gjin treinen tusken Akkrum en Ljouwert. Dat komt troch in stikkene spoarbrêge. De NS ferwachtet dat it probleem duorret oant 18:30 oere.
Spoarbrêge tusken Akkrum en Ljouwert © ANP
15:58

Brânwacht rêdt útdroege hynders yn Drachten

De brânwacht fan Drachten hat in keppel útdroege hynders rêden troch bakken mei wetter te fullen. De bisten soene al in pear dagen gjin drinken hân ha, wylst de temperatuer behoarlik oprint.
Brânwacht rêdt hynders yn Drachten
Plysjeminken hiene de brânwacht belle doe't se de hynders seagen. Se stiene op in fjildsje yn in wenwyk. It soe net de earste kear wêze dat op dit plak útdroege hynders oantroffen wurde. Buertbewenners sizze dat se de hynders ek alris wetter jûn ha, en foarich jier soe de brânwacht der ek alris by west ha.
De plysje hat de saak yn ûndersyk.
15:48

Hyrdfytser ferwûne nei botsing mei auto

Yn Donkerbroek is in hurdfytser ferwûne rekke by in botsing mei in auto. By it oerstekken soe de fytser de auto oer de kop sjoen ha.
© BTB Fotografie
Omstanners ha earste help ferliend en dêrnei is it slachtoffer yn de ambulânse behannele. De auto en de fyts rekken bot skansearre.