Liveblog | 25 juny 2023

Menno van Zwieten is syn shirt kwyt | Tiny Hoekstra falt bûten de boat by Oranje

Yn dit liveblog folgje we de Fryske sport fan dit wykein.

Lêst bywurke: 25 juny 2023, 20:05
snein 25 juny 2023
20:05

Van der Bos hie keningsbal net meinaam

Kening Gert-Anne van der Bos wûn foarich jier ek, en dus hie er de keningsbal mei nimme moatten. Mar dat wie er fergetten.
"Mei sok waar is it swier keatsen"
20:03

Menno van Zwieten is syn shirt kwyt

Menno van Zwieten keatste de finale yn in shirt fan de ferkearde kleur. Hy wie syn eigen shirt kwyt.
Menno van Zwieten is syn shirt kwyt
19:48

Van der Bos wint mei Triemstra en Zijlstra

It keatsen yn Berltsum is wûn troch it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Erwin Zijlstra. Yn de finale wiene se mei 5-4/6-2 te sterk foar Menno van Zwieten, Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar.
Troch de winst kin Teake Triemstra no trije punten byskriuwe op de 'ivige list'. Op dy list stiet er no twadde. As hy noch seis punten hellet, hat er likefolle punten as de bêste keatser ea (of yn alle gefallen de keatser dy't de measte punten helle hat): Piet Jetze Faber.
19:00

Tiny Hoekstra bûten seleksje Nederlânsk alvetal

Fuotbalster Tiny Hoekstra is net selektearre foar it Nederlânsk alvetal. Dat hat bûnscoach Andries Jonker bekendmakke.
Tiny Hoekstra © ANP
sneon 24 juny 2023
22:24

Gjin topklasser, mar wol winne

Rutger Piersma sprong net yn de topklasse, mar mei syn bêste sprong ea wint er wol de ljepperij yn Burgum. En hy tinkt dat der noch wol mear yn sit. "Dat is wol in hiel lekker gefoel."
Rutger Piersma wol nei de 21 meter: "Ik wit dat it deryn sit"
22:19

Tsien jier lyn wûn se de earste, en no wint se noch hieltyd

Foar Marrit van der Wal is it hast âld nijs: Tsien jier lyn wûn se de earste Eelke Scherjon-memorial yn Burgum, en no lit se sjen dat se it noch hieltyd kin. Yn totaal pakte se dizze priis al fiif kear. Soe se de beker dan no hâlde meie?
Marrit van der Wal wint foar de fiifde kear, mar se mei de beker net hâlde