Boargemaster Amelân: Wagenborg nimt beslút oer de rêch fan bewenners

Boargemaster Stoel hat gjin begryp foar it argumint 'oermacht' dat rederij Wagenborg oanfiert en dêr't de steatssekretaris mei ynstimt, om de fêste tsjinstregeling tydlik los te litten.
De situaasje is mei yngong fan tiisdei net ynienen oars wurden, sa seit er. De geul dêr't yn fearn wurdt, is deselde. "Wat de afgelopen maand wel kon, is volgende week opeens iets wat onder overmacht valt? Onbegrijpelijk", seit Stoel.
Wêrom no, sa flak foar it heechseizoen?
Oer de rêch fan de ynwenners, de minsken dy't op it eilân wurkje, de eilângasten en de skoalbern wurdt hjir in punt makke, fynt Stoel. Oars nimst net flak foar it heechseizoen sa'n beslút. Hy wit net wat der achter dit beslút sit. "Waarom doet men dit?"
Steatssekretaris Vivianne Heijnen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hat begryp foar de wiziging fan de tsjinstregeling en sil dy de kommende seis wiken tastean, skriuwt se yn in brief oan de Twadde Keamer. Yn de tuskentiid rint der in ûndersyk nei oare mooglikheden, dat útfierd wurdt troch it Maritime Research Institute Netherlands (MARIN).
De steatssekretaris sil ûndersykje litte hoe faak oft de fearboat fan en nei It Amelân kin. De fargeulen binne no te smel en dêrtroch kinne boaten inoar net feilich foarby farre. Wagenborg beropt him op 'oermacht'.
We binne it iens dat der troch Rykswettersteat goed baggere wurde moat, seit Stoel. De fargeul moat op djipte hâlden wurde, sa't ôfpraat is. "Maar het kan niet zo zijn dat waar de veerboot de afgelopen maand gewoon heeft kunnen varen, dat er dan de volgende maand opeens gezegd wordt 'we stoppen ermee', terwijl de situatie niet anders is dan anders."
Kin ik wol nei in begraffenis?
Minder ôffearten betsjut in hiel soad ûnrest, leit Stoel út. Amelanners freegje harren ôf oft se wol op tiid by in begraffenis oan de fêste wâl wêze kinne. Kinne minsken dy't ûntslein wurde út it sikehûs wol werom komme nei it eilân? Is der wol plak op de boat foar de ambulânse? Kinne badgasten wol boeke?
Wij hebben niks anders om naar de wal te gaan.
In soad autoreservearringen wurde no al annulearre, neffens Stoel. As de minsken net mei de auto op de boat komme kinne, sizze se de akkommodaasjes op it eilân ek op. De boekingen binne al tebekrûn, hat Stoel fan ûndernimmers heard.

Learlingen freegje harren ôf oft se wol op 'e tiid op skoalle komme kinne en kinne wurknimmers wol op 'e tiid op harren wurk komme? Koartsein, de boatferbining is essinsjeel, seit de boargemaster. "Wij hebben niks anders om naar de wal te gaan."
"Leechst mooglike wetterstân is útsûnderlike situaasje"
Stoel sjocht wol oare mooglikheden. It hie folle reedliker west om de útkomsten fan it oankundige ûndersyk of te wachtsjen en dan yn oerlis mei MARIN te sjen hokker maatregels echt nedich binne.
Sa wurdt op dit stuit bygelyks útgien fan de leechst mooglike wetterstân en dat is in útsûnderlike situaasje. "Op basis van die analyse worden algemene conclusies getrokken, zelfs voor dagen als er helemaal geen problemen zijn met de waterstand."
Berop
De gemeente ûndersiket wat de mooglikheden fan yn berop gean binne. Se fiere leaver gjin juridyske proseduere tsjin de minister, sa beslút Stoel.
Leo Pieter Stoel