PvdA-gewest Fryslân stipet beslút Hamstra om út koälysje te stappen

It gewest Fryslân fan de Partij van de Arbeid stipet it beslút fan fraksjefoarsitter Edou Hamstra om út de koälysje mei BBB, CDA en ChristenUnie te stappen. Brekpunt wie minder jild foar kultuer en natuer.
Op in drokke ekstra ledegearkomste yn in te lytse gearkomsteromte Stiens sei Hamstra freedtejûn 'dat idealen foar de Partij van de Arbeid belangriker binne as macht'.
'Mûnling akkoart wie grutte fout'
Hamstra joech wol ta dat sy moandeitejûn 'in grutte fout' makke hie troch mûnling akkoart te gean mei in koälysje-akkoart, mar dat se al hiel gau 'in Rutte 2'-gefoel krige by de koälysje mei de 'trije konservative partijen'. Yn it kabinet Rutte 2 die de PvdA neffens Hamstra tefolle wetter by de wyn, wat letter ek ôfstraft waard troch de kiezers.
Dy fout woe se no net meitsje. "Op polityk flak en op idealen wie dit hielendal gjin team. Idealen gean by ús foar macht. Fryslân hat in sterke opposysje nedich."
Koälysje mislearre
De steatefraksje luts tiisdeitemoarn betiid de stekker út de koälysje fanwege de besunigings op kultuer en natuer. Foar de trije beëage koälysjepartners wie dat in folslein ûnferwachte beslút en ek oanlieding om de PvdA 'ûnbetrouber' te neamen, mar de PvdA koe net oars yn de wurden fan Hamstra. Yn De Nije Skalm yn Stiens krige Hamstra freedtejûn applaus foar har taljochting.
"It hie miskien wat earder kinnnen, mar wat my oanbelanget is dit in hiel goed beslút. Ik fyn it hiel dapper fan Edou dat se dit sa dien hat. De PvdA mei bliid wêze mei sa'n frontfrou", seit Anton Pieters fan de PvdA Smellingerlân.
Ald-steatelid Wanda Ottens fan It Hearrefean fynt it folslein ûnterjochte dat de Fryske PvdA no troch oaren 'ûnbetrouber' neamd wurdt. "Dat zie ik helemaal niet zo. De PvdA heeft haar best gedaan om bestuursverantwoordelijkheid te nemen en dat is helaas niet gelukt. Meebesturen heeft natuurlijk voordelen. Maar als je daarbij je waarden kwijtraakt en niet kunt doen waarvoor je bent opgericht moet je stoppen."
Begrutting kaam let oan de oarder. Doe seagen we pas dat der minder jild gean soe nei kultuer en natuer.
Pas doe't yn de formaasje praat waard oer de provinsjale begrutting waard dúdlik dat it foar de PvdA wolris dreech wurde koe om akkoart te gean. "It wie in fout om yn de formaasje pas sa let oer de begrutting te praten. Doe pas seagen wy dat der minder jild gean soe nei kultuer en natuer. Dan kinne der noch sokke moaie wurden stean yn in koälysje-akkoart. As jo dan net leverje kinne, sjitte jo der net folle mei op", sei Hamstra.
It wie foar de PvdA oanlieding om ferline wike freed in 'strategysk beried' te belizzen mei in oantal partijpommeranten om mei te tinken oer de dilemma's yn de formaasje.
"We hebben toen gepraat over de vraag hoe rekbaar we zijn", fertelt âld-boargemaster Roel Sluiter fan Harns. "Toen er is ook gezegd. Als het niet kan, dan kan het niet. Als je te ver van je idealen en standpunten afkomt, dan moet je stoppen."
Groepsproses
Sluiter stiet dêrom achter it beslút fan Hamstra en de steatefraksje. "De manier waarop had ietsje beter gekund, maar ik snap ook wel hoe zoiets werkt. Je zit in een groepsproces en hoopt tot het laatste moment dat je er uitkomt. Ik vind het wel heel erg krachtig om het dan toch niet te doen. Je kunt er beter nu uitstappen dan later vier jaar lang uitleggen waarom je besluiten neemt die je zelf niet wil. Edou heeft dat vanavond heel goed uitgelegd."
Sluiter tinkt dat de FNP it net maklik krijt yn in koälysje mei BBB, CDA en ChristenUnie. "Die vinden taal, cultuur en mienskip hartstikke belangrijk. Laat maar zien hoe belangrijk je dat vindt, denk ik dan. Van onze kant kunnen ze rekenen op stevige oppositie."
Harkje nei Pieters, Ottens en Sluiter