Liveblog | 24 juny

112-nijs fan 24 juny: Sykaksje nei 37-jierrige man| Brân yn barbecue

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 24 juny, 20:53
20:53

Brânende barbecue op buertfeest yn Dokkum

In gasflesse fan de barbecue stie yn 'e brân © RTV NOF
De brânwacht fan Dokkum moast útride foar in bûtenbrân oan de Kweekschoolstraat yn Dokkum. Dêr die bliken dat der in gasflesse fan in barbecue yn 'e brân stie op in buertfeest.
Mei in hegedrukstriel hat de brânwacht de brân útmakke. De gasflesse is mei in waarmtekamera kontrolearre en dêrnei feilich steld. Der rekke net ien ferwûne.
14:54

Treinferkear Ljouwert-Mantgum wer op gong

De steuring oan de spoarbrêge tusken Ljouwert en Deinum is oplost. De treinen tusken Ljouwert en Mantgum ride wer.
13:44

Stikkene spoarbrêge tusken Ljouwert en Deinum

Fanwege in stikkene spoarbrêge op it stik spoar tusken Ljouwert en Deinum ride der gjin treinen tusken Ljouwert en Mantgum. De ferwachting is dat it probleem om sawat kertier oer trijen wer ferholpen is.
09:54

Brân yn leechsteande wente yn Ljouwert

Brân yn leechsteande wente Ljouwert © AS Media
Yn in leechsteande wente oan de Jelsumerfeart yn Ljouwert hat freedtejûn brân west. De brân ûnstie om sawat tsien foar alven.
It fjoer soe koarte tiid útslaand west hawwe. De brânwacht hat it fjoer útmakke. It hûs en it guod dêryn hat brânskea oprûn.