FryslânDOK 'De keapman en de dûmny': It slavernijferline sit djip yn ús maatskippij

Yn de skiednis fan it slavernijferline hie ek Fryslân in oandiel. En dat ferline wurket noch altyd troch yn de hjoeddeistige maatskippij. FryslânDOK ûndersiket dat, mar rjochtet de blik foaral op watfoar gefolgen dit noch altyd hat foar de hannel, en foaral: foar de minsken. Dit wykein te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân.
Oeral yn de provinsje stean huzen en gebouwen dêr't minsken wenne hawwe dy't bygelyks oandielhâlder wienen op plantaazjes mei slave-arbeid, of dy't wurken foar de VOC. En wat te tinken fan Peter Stuyvesant, dy't folop belutsen wie by slavehannel.

Friezen fertsjinnen der goud jild mei. Op 'e Jouwer waard in bedriuw grut mei de hannel yn tabak en kofje - by útstek produkten dy't mei slave-arbeid makke waarden.

Histoarikus Barbara Henkes hat wiidweidich ûndersyk dien mei har projekt 'Sporen van het slavernijverleden in Friesland'. Henkes toant yn FryslânDOK glêshelder oan hoe't de Fryske maatskippij ferweven wie mei slavernij.
Boppedat makket se ynsichtlik dat ek der ek doe al maatskiplik debat wie oer de skaadsiden fan dizze hannel. "Het is niet zo dat het toen de normaliteit was. Voor sommigen wel, maar voor anderen zeker niet. Dat stelt de vaak gehoorde opmerking 'je moet het in z'n tijd zien' in een ander daglicht", seit de histoarikus.

Al yn de achttjinde en njoggentjinde iuw, mar ek no noch altyd, wrakselet de keapman mei de dûmny, mar gean se úteinlik hân yn hân troch it libben.
Moderne slavernij
Heechlearaar Ruerd Ruben ken de ynternasjonale hannelsstreamen fan kofje as gjin oar, en sjocht noch altyd in soad ûnrjocht. Op guon plantaazjes yn Latynsk-Amearika liket noch altyd in foarm fan moderne slavernij plak te finen. Boppedat makket Europa it dizze lannen ûnmooglik om sels kofjeprodukten op de merk te setten, sadat we yn it westen noch altyd flinke winsten meitsje kinne oer de rêch fan ûntwikkelingslannen dy't foar sa leech mooglike prizen allinnich mar de grûnstoffen leverje meie.
Dat Douwe Egberts grut wurden is mei dizze kofjehannel, mar de eagen publyklik slút as it om it slavernijferline giet en de útwurking dêrfan op de hjoeddeistige hannel, ropt fragen op. FryslânDOK stelt Douwe Egberts hjir fragen oer, mar it bedriuw liket net iepen te stean foar dit petear.

Neffens Ruerd Ruben wurdt it heech tiid dat we dat ferline ûnder eagen komme, ek as we hjoed-de-dei ús bakje kofje drinke. En ek histoarikus Barbara Henkes sjocht dat we it noch altyd lestich fine om dizze skiednis mei it perspektyf fan de ta slaaf makke minsken te besjen.
Leaver as te sjen nei de striid dy't de slaven fierden om harsels te befrijen, fertelle we dat wy yn Europa sels ta ynkear kaam binne en harren de frijheid skonken ha.
It boek 'De negerhut van oom Tom' is dêr in goed foarbyld fan. Yn ús lân skodde it de minsken wekker troch de misstannen yn de koloanjes sjen te litten. Mar likegoed fertelde it boek dat der úteinlik ferjouwing mooglik wie, wêrmei't yndirekt it boadskip ferkundige waard dat de ta slaaf makke minsken de eardere plantaazjehâlders tankber wêze moasten.

Dy pine is noch altyd te priuwen yn ús deistige kopke kofje, mar is ek sichtber by de minsken. Dêr giet FryslânDOK takom wike oer. Yn 'Underhûds' praat programmamakker Karen Bies mei trije minsken by wa't it slavernijferline diel útmakket fan har famyljeskiednis. Hoe wurket dat troch yn har libben no, en watfoar ûnderfining hawwe se mei rasisme?
Bart Kingma
FryslânDOK 'De keapman en de dûmny'
Sneon 24 juny NPO2 15.30 oere (werhelling snein 13.25 oere)
Snein 25 juny Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele
Snein 25 juny Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele