Resinsje fan berne-iepenloftspul Pippi!: "In feest foar each en ear"

It berne-iepenloftspul spilet dit jier Pippi! Yn Easterwierrum komt it stoere famke, dat de Sweedske skriuwster Astrid Lindgren al yn 1945 betocht en dat wrâldferneamd waard, ta libben yn in hearlik stik. By alle bern spat it entûsjasme en plezier fan it spyljen derôf.
Op it toaniel stiet in pastelkleurige Filla Keakelbûnt mei twa hûzen derneist. Yn it iene wennet Tommy mei syn heit (wurket by de bank en bestelt kant-en-klear-mielen) en yn it oare wennet Annika mei har mem (beukerjuf, of jeukerbuf sa't Pippi seit).

Mei in knal en reek ferskynt Pippi (spile troch Lily Nutma) yn de filla. Se hat it kocht, en sil der wenje mei har hynder Wytsje en menear Nilsson (dy't minsketaal prate kin, mar dat is eins in geheim).
Alle bekende eleminten sitte deryn: Pippi sjocht derút sa't we har kenne fan de boeken en de telefyzjesearje, dus mei reade flechten en mei ferskillende kleuren sokken.
Mei fuotten op kessen
Fansels kin se har hynder optille, want Pippi is ommers sterk. En fansels sliept se mei de fuotten op it kessen, slingeret se oan de lampe, bjint se de flier mei bjinders ûnder de skuon en yt se út de noas.

Benijd nei har nije buorfamke dat dêr sûnder âlden wennet, belje Tommy en Annika oan by it hûs dat al hiel lang op Funda stiet, want wa wol no in hûs mei in enerzjylabel G.
Ek jeugdsoarch krijt al gau yn de rekken dat dêr in famke allinne wennet.

Foar sa'n bern ha se wol in plakje. Dus komt tante Pastellia (in prachtrol fan Ids Veenstra) mei har gefolch del. Uteraard seit Pippi gewoan nee, se rêdt har prima en docht har eigen sin. En boppedat, se is gjin wees. Har mem is boppe yn de himel en har heit fart op see, as piraat helpt er oare minsken fan har goudstikken ôf.
Ynienen komt heit út de kast. De 'sâlte hunk', sa't er himsels neamt, makket yndruk op de keurige mefrou Pastellia dy't fuort ferkocht is. Letter sil se bekenne dat se it leafste mei him yn de lampe hingje wol.
Mar dan binne we alwer hiel wat aventoeren fierder, lykas in ûntfiering, fleanend bêd, flessepost en syktocht yn de jungle. Geandewei krijt elk in bytsje Pippi yn him of har. Sa wurdt Annika in minder braaf famke, se fret sels minsken op.

Neist dizze aventoeren sit der ek in aktueel maatskippijkritysk elemint yn it stik: it almar, altyd en alles online bestellen hjoed-de-dei.
Pakketbesoargers komme lûd roppend it toaniel op mei har kartonnen doazen en sjongende 'amazônes' ferliede ús om fan alles te keapjen: 'buy it, you want it, you need it.' CEO Elona Bezos (klinkt de namme bekend?) wol allinne mar mear, mear, mear. Komt dat wol goed? En wa is no eins in boef: de piraat of de kommersje?
Jankfodde
It berne-iepenloftspul is in stik mei fleur en faasje, mar nimt bytiden ek wat gas werom. Bygelyks as Pippi oan de glêzen bol freget wêr't har heit is. 'Soms bin ik sa allinne, wêrom lis ik hjir wekker mei in stien op myn hert' sjongt se mei heldere stim. En de kapitein (spile troch Age Okkema) mist syn dochter likegoed. Wylst er oan de ketting yn de jungle sit, barst er út yn in jankfodde 'Ik mis de Rijn, de Nijl en ek de Mississippi, mar it aldermeaste mis ik Pippi.'

Applaus foar it artistike team (Jelke Rijpma, Gerwin de Vries, Joke Krist en Geronimo Chancoso) en foar Peter Sijbenga dy't net inkeld de tekst bewurke (nei it stik van Ivo de Wijs út 2004), mar ek de measte muzyk(arranzjeminten) foar syn rekken naam. Grut applaus foar alle 26 bern, dy't yn prachtige kostúms en hippe dûnskes de nûmers by it publyk bringe.
Ik ha it noch noait dien...
Pippi! is net allinne in feest foar each en ear, mar ek foar hert en holle. Wolle we net allegear in bytsje as Pippi wêze? 'Ik ha it noch noait dien, dus ik tink dat ik it wol kin!' En kinne we dan ek ris stilstean by ús konsumpsjemaatskipij?
Sjoch foar mear ynformaasje https://www.berneiepenloftspul.nl/