Liveblog | 24 juny

Dit wie de sânde dei fan de Alvestêdetriatlon fan Maarten van der Weijden

Lêst bywurke: 24 juny, 23:25
23:25

Ein fan dit liveblog

Van der Weijden rint hjoed net mear fierder. Dêrom slute we dit liveblog. Fannacht om fjouwer oere hinne giet er wer fierder, de finish wurdt tusken 8 en 9 ferwachte yn de Prinsetún.
Moarnier binne wy der wer. Oant de lêste stap folgje we Van der Weijden op syn tocht nei Ljouwert. Goeienacht en oant moarn!
22:36

Tuskenstân: Mear as 3,5 miljoen euro ophelle foar ûndersyk nei kanker

Al it jild dat oant no ta binnenkaam is, en it jild dat noch binnen komt, wurdt troch haadsponsor Reggeborgh ferdûbele. Dat meldt de organisaasje. Dat betsjut dat de tuskenstân op dit stuit al boppe de 3,5 miljoen euro stiet.
It jild is bedoeld foar ûndersyk nei kanker. Van der Weijden hat sels leukemy hân.
21:33

"Zijn voeten zijn helemaal kapot"

Nei in âlvestêdetocht fan sân dagen giet it 'redelijk goed' mei Maarten van der Weijden. Dat seit Ingrid van Bruchem fan de organisaasje. "Hij is heel erg vermoeid, en zijn voeten zijn helemaal kapot, maar hij voelt zich goed genoeg om door te gaan."
© Martin de Jong
Van der Weijden sliept no. "Dat heeft hij nodig. Uitputting ligt op de loer. Naast voeding is slaap nu het belangrijkste."
Eins hie er fannemiddei al oankomme moatten yn Ljouwert. Dêr wiene in protte minsken, en in grut poadium. Mar hy helle it net. No is de oankomsttiid ferskood nei moarnier tusken acht en njoggen.
Sneintemoarn betiid kinne der wolris minder minsken wêze as middeis. En as er om fjouwer oere moarns fan start giet, sil it op de dyk tusken Dokkum en Ljouwert ek noch rêstich wêze.
Wachtsje mei kuierjen, sadat it foar it publyk makliker wêze soe, wie foar de organisaasje gjin opsje, seit Van Bruchem. "Het gaat om Maarten, om zijn gezondheid. We doen wat voor hem het beste is."
"Maar", seit se ek, "het is heel fijn als er mensen zijn die hem aanmoedigen. Daar krijgt hij energie van!"
21:27

'Finish moarnier tusken 8 en 9'

De organisaasje ferwachtet dat Van der Weijden moarnier yn de Prinsetún finishe sil tusken 8 en 9 oere. It grutte poadium dêr't de finish eins wêze soe, is der dan al net mear.
Oant no ta is Van der Weijden alle dagen om fjouwer oere hinne begûn. Om op tiid oan te kommen, moat dat moarn wer. Van der Weijden bringt de nacht troch by in pleats krekt bûten Dokkum.
20:11

Van der Weijden is opholden en giet op bêd, moarn fierder

Van der Weijden is der foar hjoed mei opholden. Dokkum hat er helle, mar Ljouwert is te fier. Moarn giet er fierder. Dat meldt de organisaasje.
Maarten giet no op bêd, yn in tinte by in pleats krekt bûten Dokkum.
© Omrop Fryslân, Miranda Werkman
19:28

"Ik ga mijn stinkende best doen om zo snel mogelijk in Leeuwarden te zijn"

Maarten van der Weijden wol sa gau as mooglik yn Ljouwert wêze. Dat sei er yn Dokkum. Dêr waard er ûnthelle mei applaus en muzyk.
In grôtfol Dokkum ûnthellet Maarten mei applaus en muzyk