It lêste jier fan hurdfytser Lieuwe Westra: "Wy koene him net mear rêde"

Lieuwe Westra © ANP
It ferstjerren fan Lieuwe Westra wie net mear foar te kommen. Dat sizze syn biograaf Thomas Sijtsma en de wurdfierder fan de famylje Westra, Freddy Haak. De hurdfytser út Mûnein stoar op 14 jannewaris fan dit jier oan, sa docht no bliken, in oerdoasis drugs.
By de autopsy wurde fjouwer soarten drugs fûn yn it lichem fan Westra. It giet om in kombinaasje fan in sliepmiddel, crystal meth, XTC en speed. Uteinlik wurdt in oerdoasis speed him fataal.
Foar dit ferhaal oer it lêste jier fan de proffytser út Mûnein is praat mei Freddy Haak en Thomas Sijtsma.
Haak docht it ferhaal út namme fan de famylje. Sels kinne se dat net omdat it te dreech en te emosjoneel is. Hy is in jeugdfreon en âlde fytsmaat. Hy wie ploechlieder fan Lieuwe en syn betrouwenspersoan. Hy holp by problemen op saaklik flak, by rjochtsaken en wie in lústerjend ear. Hy stipet de famylje fan Lieuwe dêr't it kin.
Sijtsma is sjoernalist en skreau de biografy 'Het Beest' oer Lieuwe. Hy hat dêrfoar oeren en oeren praat mei de hurdfytser. Ek hy waard in soarte fan betrouwenspersoan by it skriuwen fan it boek mei dêryn ferhalen oer it ferslavingsgedrach fan de fytser.
Oant 2022 hiene beide manlju geregeld kontakt mei Westra, dy't doe yn Spanje wenne. Mar yn de simmer fan dat jier hâlde dat op.
It hiele ferhaal fan Freddy Haak en Thomas Sijtsma is snein te hearren yn it radioprogramma Buro de Vries. Moandeitjûn is it om 19:30 oere te sjen op Omrop Fryslân telefyzje, mar no al op YouTube.
Haak en Sijtsma hiene lang in fertrouwensbân mei de hurdfytser. It lêste jier fan syn libben koene se him net mear berikke. Ek de famylje, mem Alie en broer Jan Hendrik, rekken harren soan en broer foargoed kwyt.
Freddy Haak en Thomas Sijtsma fertelle oer harren kontakt mei hurdfytser Lieuwe Westra
Dat Lieuwe Westra troch it libben hinne kwetsber foar ferslavingen wie, is gjin nijs. Al fan jongs ôf oan, yn syn puberteit, wie de jonge fytser al oan it eksperimintearjen mei drugs en drank.

Doping en depresjes

Yn syn profkarriêre socht Westra de grinzen op mei doping. Hy gie ek geregeld oer dy grins hinne. Yn dy tiid hie er al bot lêst fan depresjes. Mar faak kaam er dêr ek wer út.
Hy wennet yn dy perioade net yn Nederlân. De minsken dy't dêr om him hinne stean, hawwe it net altyd goed mei him foar, seit biograaf Thomas Sijtsma. "Yn Monaco en Calpe wiene ek jonges dy't net it bêste mei him foar hiene. Hy ferbraste jild en sy makken der misbrûk fan. Ik wist dat wol by it skriuwen fan it boek, mar woe him ek in bytsje yn beskerming nimme."
Yn 2016 is Lieuwe Westra noch de bêste yn de Driedaagse van De Panne © ANP
Nei't de Mûneiner yn 2017 syn profkarriêre beëiniget, giet it earst min mei him. Hy rekket yn saaklike problemen en falt earst werom yn syn âlde gedrach fan ferslaving en depresje.

Rêdingsboei Ingrid

Mar dan is dêr Ingrid. In nije leafde út Australië. It libben laket him wer ta wannear't se earst nei Australië ferhúzje, en letter in pân keapje yn it Spaanske Calpe om dêr in fytshotel te begjinnen. Rêst en leafde, fier fuort fan Nederlân. Sawol Haak as Sijtsma tinke dat it him rêde sil.
"Hy koe dêr lekker fytse, hie in moaie en leuke frou oan 'e heak slein. Hy wie út Fryslân wei en de media-oandacht wie fuort", fertelt Sijtsma. "Ik tocht dat dat wol goed foar him wie."
Lieuwe Westra yn 'e omkriten fan Calpe op 'e fyts © Omrop Fryslân
It gelok duorret spitigernôch net lang. Net folle letter giet it dochs wer mis. De antydepressiva dy't him stabyl hâlde, nimt er net mear. Saaklik komt der druk op syn skouders te lizzen wannear't it nije fytshotel nei de coronaperioade begjint te rinnen.

Drank

En dat wylst Ingrid úteinlik al it wurk die. Lieuwe hoegde allinnich mar te fytsen mei syn gasten. Dochs giet it lykwols minder. De ûnwissigens begjint in rol te spyljen, depresje liket de kop op te stekken en it drankgebrûk giet wer omheech.
Spanje liket de rêding te wêzen foar Lieuwe Westra, mar it mocht net sa wêze.
Dat fernimt ek syn âlde fytsmaat Freddy Haak. "De druk waard heger mei de gasten. Hy dronk by flagen wer in soad. Hy hat wol terapy hân, mar fielde him der ek te goed foar en wie boppedat de taal net machtich. De ferlieding wie hiel grut."

Amy Pieters

Op 23 desimber 2021 is Lieuwe Westra yn Calpe tsjûge fan de earnstige fal fan profrydster Amy Pieters. Hy fytst 200 meter achter har wannear't se ûnderút giet. De gefolgen binne grut foar Pieters, mar ek foar Westra. It blykt in traumatyske ûnderfining foar him, dy't er himsels bot oanlûkt.
De 31-jierrige Amy Pieters makket, by in training yn 'e buert fan Calpe, in swiere fal. Se rekket dêrby út 'e tiid en rint slim harsentrauma op. Se moat in operaasje ûndergean en leit moannenlang yn koma.
Oardel jier letter is Pieters noch altyd dwaande mei har revalidaasje. Se sit noch yn in rolstoel en kommunikaasje is dreech.
"Hy wurdt dêr enorm troch rekke, en fanôf dat momint giet it 'bergafwaarts' mei Lieuwe", fertelt Haak. "Hy wurdt agressyf en sa giet syn relaasje mei Ingrid kapot. Der kaam in eksploazje. Doe hawwe we him tydlik nei Nederlân helle."
Yn de moannen dêrnei giet it allinnich mar minder mei de eardere Nederlânsk kampioen tiidriden. Syn houlik mei Ingrid komt ûnder grutte druk te stean. Westra wurdt agressyf, begjint thús saken te fernielen en misdraacht him bot.

Garaazjeboks yn Zwaagdijk

Yn maaie fan 2022 komt broer Jan Hendrik nei Spanje om fakânsje te fieren. It wurdt de famylje dúdlik wat Ingrid al moannen meimakket. It giet safier dat Westra mei de Spaanske justysje yn oanrekking komt en sels in kontaktferbod mei Ingrid krijt.
Syn broer soarget der, mei help fan Ingrid, foar dat Lieuwe op it fleantúch nei Nederlân stapt. De hoop is dat it dêr better wurde sil. Dat is net it gefal. De man dy't earder by de hurdfytsploech Astana hûnderttûzenen euro's fertsjinnet yn tsjinst fan Vincenzo Nibali, bedarret yn in garaazjeboks dy't er ea kocht hat yn it Noard-Hollânske Zwaagdijk.
Mei de help fan Lieuwe Westra wint Vincenzo Nibali yn 2014 de Tour de France © ANP
Dêr treft Westra de ferkearde minsken. Yn de boks wurdt wurke oan auto's, mar neffens Freddy Haak is dat net it iennichste wat dêr bart. De hurdfytser libbet neffens Haak en Sijtsma yn 'mensonterende omstandigheden' en is swier ferslave. Wat der krekt bart witte beide manlju net, mar dat it net goed giet is wol dúdlik. Kontakt is dan al net echt mear te krijen.

Noch ien kear nei mem

Lieuwe Westra komt noch ien kear nei hûs, yn Mûnein. Yn july fan 2022 is er efkes by mem thús. Op dat stuit liket it derop dat er help krije wol. Mar nei ien dei giet it al mis. Wannear't Lieuwe agressyf wurdt, is de situaasje foar mem Alie sa driigjend dat de plysje him út hûs weihelje moat.
Lieuwe Westra (links) by de presintaasje fan syn biografy mei syn mem en broer Jan Hendrik Westra (rjochts) © ANP
Syn famylje wol graach dat er opnommen wurdt. Dêr liket er sels ek foar iepen te stean. Se krije te hearren dat der gjin plak is. Dêrnei ferdwynt Lieuwe wer. Hy giet werom nei Zwaagdijk. Werom nei syn garaazjeboks en syn oare 'freonen'. Dêrnei wurdt it hielendal stil.

Kantelpunt

It blykt in definityf kantelpunt te wêzen, fertelt Haak. "Doe't Lieuwe yn Mûnein wer ûntspoarde, wie dat de kanteling. De famylje hat doe sein 'we litte it echt los'. Spesjalisten hiene earder al sein dat dat better wie."
Ik ha letterlik tsjin him sein dat, as hy sa trochgie, dat it dan gebeurd wêze soe mei him.
Biograaf Thomas Sijtsma oer syn lêste petear mei hurdfytser Lieuwe Westra
Ofrûne septimber giet ek Thomas Sijtsma noch ien kear nei Zwaagdijk ta. Hy skrikt bot fan de omstannichheden en hoe't Lieuwe deroan ta is. De manlju prate oardel oere. Dat giet aardich wannear't it oer luchtige saken giet. Wannear't de biograaf seit dat Westra help sykje moat, slacht it petear om.
"Ik ha doe letterlik tsjin him sein dat, as hy sa trochgie, dat it dan gebeurd wêze soe mei him", fertelt de skriuwer. "Doe waard er fijannich." Letter docht bliken dat it petear mei Sijtsma in lêste moeting is fan de hurdfytser mei syn 'âlde wrâld'. It kontakt is dêrnei folslein fuort.

Bedrigingen rjochting Spanje

Wol is der kontakt mei Spanje, dêr't Westra syn frou Ingrid noch wennet. Offisjeel is it stel noch net skieden. Sy wurdt op dat stuit bedrige troch Lieuwe of de minsken om him hinne. Der wurdt jild fan har easke. Dêrby wurdt sein dat der 'maatregels' komme wannear't der neat oermakke wurdt.
Lieuwe Westra yn bettere tiden yn de klim nei Mende © ANP
Neffens Freddy Haak giet it foar Ingrid om in tige bedriigjende situaasje. "It gie om jild en guod dat nedich wie om Lieuwe yn stân te hâlden, sa waard tsjin Ingrid sein. Dat wie hiel heftich foar har."

Oerdoasis

Op 14 jannewaris komt it telefoantsje dêr't in soad minsken dan al in tiidsje bang foar binne. Broer Jan Hendrik Westra bellet mei Freddy. 'Lieuwe is dea', sa krijt dy te hearren. It is it berjocht dêr't net op hope wie, mar dat ek net ûnferwachts komt. Dochs is de famylje der folslein ôf.
De lokaasje dêr't Lieuwe fûn wurdt, is earst noch in 'plaats delict'. Dat komt as in skok. Al gau wurdt dúdlik dat in oerdoasis drugs lykwols de deadsoarsaak is. Mem Alie en broer Jan Hendrik binne ferslein, Haak regelet saken foar harren. Sijtsma fersoarget de kommunikaasje nei de bûtenwrâld.
It is stil yn 'e auto wannear't we werom nei hûs ride. Sûnder Lieuwe, mei in hoop fertriet en de fraach hoe no fierder.
Famyljefreon Freddy Haak, nei't hy mei de broer en mem fan Lieuwe Westra nei it mortuarium west hat
Dy dei wolle mem en broer graach nei Lieuwe ta. Haak nimt se mei nei it sikehûs yn Hoorn dêr't Lieuwe yn it mortuarium leit. In tige emosjoneel wersjen mei soan en broer folget. Haak sjocht 'in soad fertriet mar ek woede'.

'It gie seker net goed'

Lieuwe syn guod wurdt ophelle. It trio giet werom nei Fryslân. "It is stil yn 'e auto wannear't we werom nei hûs ride", fertelt Haak oer dat momint. "Sûnder Lieuwe, mei in hoop fertriet en de fraach hoe no fierder. Dat wie freeslik."
Hurdfytser Lieuwe Westra (links) by de presintaasje syn biografy 'Het Beest' mei skriuwer Thomas Sijtsma (rjochts) © ANP
Nei de dea fan Lieuwe wurdt troch it fermidden dêr't er mei omgie yn Noard-Holland sein dat it goed gie mei Westra. Hy soe in hûs kocht hawwe en hie him ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel (KvK) sa seit in man by NH Nieuws, de regionale stjoerder fan Noard-Hollân.
De famylje sjocht dat nijsberjocht ek. It wie neffens Haak yndied sa dat Lieuwe him ynskreaun hie by de KvK. Mar dat it goed gie mei him is absolút net it gefal. "Ik tink dat it autopsyrapport boekdielen sprekt. Dêr die út bliken dat it seker net goed mei him gie."

'Wy koene him net mear rêde'

Foar de famylje fielt is as in ôfsluting om harren ferhaal nei bûten te bringen. Se hawwe it der noch hieltyd ferskuorrende dreech mei. Troch de jierren hinne ha se hiel wat meimakke mei harren Lieuwe. Mei goede en minne tiden. Foar mem Alie giet it de iene dei better as de oare, seit Haak. "De iene dei sjocht se nei de foto fan har soan op it kastje. De oare dei draait se him om."
Alde freon Freddy Haak: "It hurdfytsen wie libbensferlingjend foar Lieuwe"
Yn in heal jier sûnder Lieuwe is der in soad praat en weromsjoen troch de famylje, famyljefreon Freddy Haak en biograaf Thomas Sijtsma. Harren konklúzje is dat sy Lieuwe net mear rêde koene. En dat net it hurdfytsen him de kop koste hat, mar dat it just syn libben ferlinge hat.

Ferslaving

De profkarriêre wie achterôf sjoen in grutte rêding. "Wy binne noch altyd bliid dat hy jierren lyn wer begûn is mei fytsen. Dat hawwe wy doe mar moai oprêden", fertelt Haak.
Lieuwe Westra moast earne oan ferslaafd wêze. Fytse wie foar Het Beest ek in ferslaving.