FNP ferfangt PvdA by koälysje-ûnderhannelingen, VVD bot teloarsteld

Sijbe Knol (FNP) © Hoge Noorden / Jacob van Essen
De FNP sil nije wike oanskowe by de ûnderhannelingen foar in nije koälysje mei BBB, CDA en ChristenUnie. Dat hat ynformateur Chris Stoffer freedtemiddei advisearre.
Neffens him binne sawol de VVD as de FNP in geskikte kandidaat om mei yn petear te gean. De trochslach joech dat de FNP fjouwer sitten hat, ien mear dan de VVD.
Nije wike sille de petearen útein sette. Chris Stoffer sil ek de rol as formateur op him nimme en it wurk fan âld-formateur Oebele Brouwer oernimme. De ynset is om de formaasje klear te hawwen foar't it simmerreses begjint.
"Fryslân moat bestjoerd wurde", sa skriuwt de FNP oan har leden. "Troch mei oan it roer te sitten kinst do mear tempo meitsje as datsto fan de wâlskant ropst hoe't it moat. Mar wy lizze net op de knibbels foar de doar om mar meidwaan te meien. It is graach of net."
De partij jout oan dat der punten yn it koälysje-akkoart steane dy't goed by harren passe mar dat der noch wol fierder praat wurde moat oer saken.

VVD begrypt der neat fan

De Fryske VVD lit yn in earste reaksje wite 'neat te begripen' fan de kar foar de FNP. "Deze keuze is programmatisch niet logisch", seit steatelid en VVD-ûnderhanneler Eric ter Keurs. Hy neamt de ekstra ynformaasjeronde mei Chris Stoffer 'een wonderlijk theater'.
"Wij begrijpen het echt niet. Als die ene zetel het belangrijkste argument is, was die informatieronde van donderdag niet nodig." Ter Keurs wol no woansdei by it spoeddebat oer de formaasje de formearjende partijen om opheldering freegje.
Ter Keurs wiist der op dat de Lelyline nei Ljouwert en Grins yn it nije koälysje-akkoart stiet as wichtige oanfolling op de Fryske ynfrastruktuer. "De FNP heeft daar alleen maar opppositie tegen gevoerd. Gaan ze daar nu ineens wel voor tekenen? Ik ben zeer benieuwd."