Frysk slavernijferline krijt plak yn skiednislessen: "Het werkt nog door in samenleving"

De presintaasje fan it lesmateriaal oer it Fryske slavernijferline © LEO Middelsé, Ilona de Vries
Foar dosinten yn it basis- en fuortset ûnderwiis is der nij lesmateriaal makke oer it Fryske slavernijferline. De lansearring wie woansdei yn Tresoar yn Ljouwert.
Oanlieding foar de nije lesstof is it jubileum dat takom wykein ûnder mear yn Ljouwert fierd wurdt. Dan is it 150 jier lyn dat slavernij yn Nederlân ôfskaft waard.
De update fan Fryske skiednislessen is in gearwurking tusken GeschiedenisLokaal Fryslân, Historisch Centrum Leeuwarden, Tresoar en NHL Stenden Hogeschool Leeuwarden.
Nettsjinsteande de fiere skiednis, is slavernij noch hieltyd in aktueel tema, seit Yteke van der Vegt fan Geschiedenis Lokaal Fryslân en it Historisch Centrum Leeuwarden.
Neffens har komme der ek in soad fragen binnen fan dosinten dy't graach mei it ûnderwerp oan de slach wolle yn de klasse, mar net witte hoe. Dêr moat dit projekt hânfetten foar biede.
It úteinlike doel is bewustwurding, seit Van der Vegt: "Dat je begrijpt dat slavernij geen ver-van-mijn-bed-show is, maar gewoon bij jou om de hoek. En dat het nog steeds doorwerkt in de samenleving. Dat mensen door dat verleden nog steeds gediscrimineerd worden."