Fearboat kin yn Holwert no gebrûk meitsje fan tydlike autobrêge

© Jaring Rispens
Rykswettersteat hat yn Holwert in nije tydlike brêge pleatst. Ein maaie gie de brêge stikken. Auto's koene net fan de boat ôf en reizgers sieten oeren fêst op de boat.
Der waard een needkraan njonken de oarspronklike autobrêge delset. Mei de kraan koe it beweechbere part fan de brêge, ek wol fal neamd, dan noch bestjinne wurde. Sa koene de auto's dochs fan de fearboat ôfkoenen.
Rykswettersteat hat besocht de steuring op te lossen, mar monteurs rûnen hieltyd tsjin problemen oan.
Wurk oan autobrêge Holwert is slagge
De autobrêge wie ferâldere en stie al op de planning om fernijd te wurden. Sa brûkte it systeem noch Windows 95.
It brêgedek giet werom nei de fabryk. Dêr wurdt it opknapt. It is de bedoeling dat heal septimber de fernijde autobrêge werompleatst wurdt.
De autobrêge yn Holwert © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol