Learlingen Beyers Naudé krije KNAW-ûnderwiispriis foar opspoaring longkanker

Learlingen fan it gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert hawwe in priis krigen fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW). Se hawwe in systeem ûntwikkele om longkanker gauwer te ûntdekken.
Yahya Oufkir en Ted de Reus hawwe de tredde priis krigen yn de kategory 'natuer en technyk'. Dêrmei winne sy elk in stúdzjebeurs fan 1000 euro. De sjuery wie benammen ûnder de yndruk fan harren kennis en kunde fan sa'n dreech ûnderwerp.
De KNAW ûnderwiispriis is foar de fyftjinde kear útrikke. De wurkstikken binne selektearre troch fakdidaktisy en de finalewurkstikken troch wittenskippers ferbûn oan de KNAW.
"Jullie hebben een heel uitgebreid en down-to-earth werkstuk geschreven. Jullie kennis en begrip van zo'n onderwerp is al een kunst op zich. Daarnaast hebben jullie de samenwerking gezocht met het MCL. Hoewel ethisch gezien de tussenkomst van de mens nog wel nodig is, is dit zeer relevante onderzoek een mooi begin waar wellicht op door kan worden gebouwd", seit de sjuery.
Soad konkurrinsje
De betide opspoaring fan kankersellen yn longweefsel wie it ûnderwerp fan it profylwurkstik fan de beide learlingen. Se hawwe 25.000 mikroskopyske ôfbyldings fan stikjes longweefsel yn in programma set. Dat programma kin sûne sellen ûnderskiede fan longkankersellen. It programma 'leart' ek, dat wol sizze dat it hieltyd better wurdt.
Foar de prizen binne 287 profylwurkstikken ynstjoerd. Foar it profyl dêr't Yahya en Ted oan meidien wiene dat der 70.
