Siebo Mollema tredde waarman Omrop Fryslân: "Fan myn passy myn wurk meitsje"

Siebo Mollema fan Boarnburgum wurdt de tredde waarman fan Omrop Fryslân. Hy is op snein foar it earst te hearren op de radio.
Mollema sil Jan Jonkman en Tjitske Wiebenga foarearst benammen yn de wykeinen ferfange. Hy konsintrearret him earst op it radiowaarberjocht, letter komt dêr it telefyzjewaarberjocht by.
Wa is Siebo Mollema?
Hy hat gjin offisjele oplieding dien foar waarman. Syn ynteresse foar it waar is begûn as in leafhawwerij. Yn de rin fan de jierren hat er in soad by leard troch gewoan deroer te lêzen. De lêste tiid har er wol trainingen hân foar waarpresintaasje op radio en telefyzje.
Mollema hat op de ambulânse wurke as sjauffeur anneks medysk assistint. Sûnt trije jier is er mei pensjoen. "Op in stuit stie ik mei myn ferhaal yn it krantsje fan myn wenplak Boarnburgum. Sa kaam Omrop Fryslân-waarman Jan Jonkman my op it spoar. Se sochten ien foar derby. No kin ik fan myn grutte passy myn wurk meitsje. Wat is der no moaier?"
Wat hat Siebo mei it waar?
"In ôfgrysklik soad. It waar is myn passy. It is begûn yn myn middelbereskoalletiid mei de sniewinter fan 1979. Doe tocht ik: hjir wol ik mear fan witte, fan hoe't soks ûntstiet."

"Doe bin ik begûn dêroer te lêzen. Der wie noch gjin ynternet, dus ik strúnde alle boekhannels ôf. Op in presintaasje yn Beetstersweach trof ik Piet Paulusma silliger. Hy hie ynternet en dat woe ik fansels ek hawwe. Dat, ik mei in modem ynternet op. Koene se thús net belje, want dat koe net as ien op ynternet siet. In hiel gemiter wie dat. Mar letter waard it better en koest in skat oan ynformaasje fan ynternet helje."
Yn syn waarberjochten foar Omrop Fryslân sil Siebo Mollema ek de eveneminten derby belûke. Sizze watfoar waar de minsken ferwachtsje kinne, bygelyks mei de Fytsalvestêdetocht. "Dêr moatte jo in bytsje op ynspylje."
Fan hokker waar begjint Siebo syn hert hurder te klopjen?
"Ik hâld fan ekstreem waar. Op nûmer 1 stiet tonger. Dat hat my altyd al fassinearre, foaral tonger en wjerljocht nachts. Dan gean ik derôf, om de ûntladingen te sjen en op de radar te folgjen wêr't sa'n tongerbui hinne giet."

"Op nûmer 2 stiet snie, foaral as der in protte falt. Dy sniestoarm fan 1979 hat seker grutte yndruk op my makke. By sok waar sit ik der boppe-op. Krije we noch mear snie en hoefolle dan?
En as tredde: stoarm. Ik haw wolris mei sok waar by Lauwerseach op dyk stien om de wylde see te sjen."

Siebo sil mooglik ek aardige waarfeitsjes yn syn waarpraatsjes opnimme, bygelyks it ferskynsel dat snie lûd dimpt. Hoe't dat kin? "Soest it net ferwachtsje, mar der sit in protte lucht yn in snieflok. En lucht dimpt it lûd. Yn aktuele situaasjes kinne jo ynspylje op sokke aardige details."
Hat Siebo oait spannende dingen meimakke mei it waar?
"Nee, it giet my eins noait mâl genôch."
Waarkoades
De Fryske waarminsken stean mei-inoar yn kontakt middels in groepsapp. Dêryn kommunisearje se bygelyks oer situaasjes as it KNMI wer in koade ôfkundige hat. It KNMI docht dat per regio en bytiden ek per provinsje.
Dat kin hiel ferskillend útpakke. It hinget derfan ôf wêr'tst yn sa'n gebiet bist, fynt Mollema. Hy fynt dat der folle waarkoades ôfjûn wurde. "Dan is it koade read of koade giel en tink ik 'wêrom'? Soks hiene we earder ek net. It effekt giet ek in bytsje fuort. In soad minsken sizze: 'Dy koades hearst sa faak. Dêr lûk ik my neat mear fan oan.'"