Foar heechsensitive hiphopartyst Kuo is rap terapy: "Het is net een dagboek"

Rap is syn terapy en hy neamt himsels heechsensityf. Hiphopartyst Kuo út Ljouwert bringt meikoarten in nij album út. En fan 't hjerst komt der noch in twadde nije album fan him út.
Kuò Weh Ho stiet midden yn de maatskippij. De tritiger wurket as soarchkoördinator op middelbere skoalle Dockinga College yn Dokkum. Dêr soarget er foar help oan learlingen dy't learachterstannen hawwe. Hy is ek hiphopartyst en sosjaal-kultureel ûndernimmer.

Kulturele Haadstêd 2018

Yn 2018 spile er himsels yn de kiker troch syn optreden op de iepeningsseremoanje fan Ljouwert Fryslân Kulturele Haadstêd. Dêrnei waard it stiller. Syn drokke baan op de middelbere skoalle wie dreech te kombinearjen mei it útbringen fan muzyk. Skriuwe gie wol troch. "De tekst van de nummers hebben een bepaalde urgentie. Ik moet ze laten horen."
Waarom doen mensen wat ze doen en waarom denk ik zoals ik denk? Het is echt een therapie voor mij.
Kuo oer dy it wêrom fan syn rapteksten
De nûmers gean oer wat er meimakke hat, wat him dwaande hâldt. "Het is net een dagboek. Waarom doen mensen wat ze doen en waarom denk ik zoals ik denk? Het is een therapie voor mij."
Kuo is Aziatysk fan komôf. Syn âlden komme oarspronklik fan Singapoer. Yn Nederlân hiene se in kafee mei snackbar yn it Twintske Rijssen. Kuo groeide op yn de saak. It wie syn twadde thús. Hy hearde dêr de muzyk fan Koos Alberts, Acda en de Munnik, mar ek fan Metallica en Iron Maiden.

Fan Phil Collins nei Tupac

Dêr yn Twinte begûn er as jonkje fan sawat 9 jier mei it skriuwen fan gedichtsjes. Yn it Nederlânsk en yn it Ingelsk. Dat kaam troch de Amerikaanske rapper Tupac Shakur. Foardat er hiphop ûntduts, harke Kuo nei Phil Collins, Bløf en Michael Jackson.

Foaroardielen

Tupac wie dus de reden dat er begûn mei skriuwen. De rapper en dichter profilearre him as 'outlaw' (bûtenstanner) en dat spruts Kuo oan, want hy fielde him der ek net by hearren.
Jij bent Aziatisch, dan kun je vast goed koken.
Kuo oer de foaroardielen dêr't er mei te krijen hat
"Overal waar ik kom, of het nu in Nederland of in Singapore is, word ik altijd beschouwd als een buitenlander. Oké, mensen zeggen wel: 'Je hebt een Nederlands paspoort, dus je bent Nederlands', maar ik word toch regelmatig anders behandeld. Zeggen ze bijvoorbeeld: 'Jij bent Aziatisch, dan kun je vast goed koken' of: 'Chinezen zijn harde werkers'"
Tupac hat gefoelige nûmers skreaun mei emoasje, mar ek mear agressive nûmers, as er neidiel ûnderfûn fanwege syn hûdskleur, En ek dat lêste yntrigearre Kuo, want hy hat fan hûs út net meikrige fan him ôf te biten as minsken ûnaardich tsjin him dogge.

Aardich

Nei Rijssen wenne er twa jier yn Grins, foardat er om de leafde nei Ljouwert ferhuze. Tegearre wenje mei in famke út Harns. Yn de Fryske haadstêd waard er ien fan de driuwende krêften achter het Leeuwarder Collectief, in insjatyf foar en troch hiphopleafhawwers út Ljouwert en omkriten.
Hy makke ek in persoanlike feroaring mei. Jierrenlang liet er him meislepe troch oaren. Hy woe yn earste ynstânsje dat oaren him aardich fûnen. Dêr gie it om. En no, noch altyd wol er de bêste kant fan himsels sjen litte. Mar hy wol ek mear foar himsels kieze. Syn hert folgje, wat oaren der ek fan sizze. "Wees lief voor jezelf en daarna lief voor een ander."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandei oant en mei tongersdei 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, beharkje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freed is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûn op telefyzje te sjen.
By syn heit en mem thús waard net oer 'gelokkich wêzen' praat. Hy wit dus net oft de Singapoerezen lokkich binne of wiene mei harren nije libben yn Twinte. Der moast gewoan wurke wurde. Oer syn eigen jeugddreamen moat er efkes neitinke: It earste wat yn him opkomt, is detektive. "Ik ben een analytische gast, houd van dingen ontrafelen."

Frysk

Mar hy kaam der ek achter dat er wat mei talen woe. "Ik heb een obsessie met vreemde talen. Daarom heb ik ook Fries geleerd." As bewiis plakt er der in sintsje Frysk oan fêst. "Ik kin wol in bytsje Frysk prate, mar fyn it lestich om my echt út te drukken yn dy taal." It is wol syn doel om de Fryske taal sa goed te learen dat er it 'mei syn hert en gefoel' prate kin.
Voor elke taal die je spreekt ben je een man meer waard.
Sitaat fan rapper Typhoon dat yndruk makke op Kuo
Rapper Typhoon hat oer taal in moaie útspraak dien, fynt Kuo. "Voor elke taal die je spreekt ben je een man meer waard." Dat sitaat is him altyd bybleaun.

"Diskriminaasje bliuwt"

Oer diskriminaasje is Kuo minder posityf. Hy leaut net dat dat ea ferdwine sil, om mar net te sprekken fan gelykheid, dy't der nea komme sil. Yn coronatiid hearde hy ferhalen dat Sinezen diskriminearre waarden. Hy hat ek in Aziatyske uterlik, dus dat soe ek foar him jilde. No hat er yntusken leard him dêr net folle mear fan oan te lûken.
Boppedat ferskilt de Singapoereeske kultuer bot fan de Sineeske en de Japanske, mar dochs. Kuo hat fan thús út meikrige neat fernimme te litten nei bûten ta. Assertiviteit is him net leard, mar Kuo hat it himsels ûnderwilens wol bybrocht. "Mensen zijn zich er niet van bewust hoe traumatisch een kinderliedjes zoals Hanky Panky Shanghai kan zijn voor Aziatische kinderen."

Album-release-party yn Lekkum

De lêste tiid is er hiel produktyf. Sa stean twa resinte singles fan him op Spotify. Meikoarten bringt er twa hiel ferskillende albums út. 'Noorderlicht' is mear om nei te harkjen. It is in 'spoken word op beat'-album, dêr't de tekst sintraal stiet. It oare album - dat noch gjin offisjele titel hat - is opnaam mei in grutter ynstrumentarium. Soest it mear in 'club-album' neame kinne.
Op 30 juny wurdt 'Noorderlicht' prensintearre mei in liveshow yn seal de Zwaluw yn Lekkum. Kuo sil twa kear optrede: om 19:00 en om 21:00 oere. Besikers moatte yn it foar reservearje. De seal is al foar de helte fol. De Zwaluw is in lyts poadium en dêr hat Kuo bewust foar keazen, omdat minsken dan mear meigean yn de belibbing.
Yn novimber sille se dan grut útpakke. It twadde nije album wurdt brocht mei in kar oan ynstrumenten.

De top 5 fan Kuo

Artyst Nûmer
Kuo Formidabel
Bee Gees How deep is your love
Kuo Het is tijd
Kuo Broer
Billy Joel Vienna