Bou fan 400 huzen yn De Hem by Goutum giet nettsjinsteande protesten troch

De bou fan huzen foar buorskip De Hem by Goutum giet nettsjinsteande in soad protesten wol troch. De gemeente wol huzen bouwe njonken natuergebiet de Hounspolder, mar dat soarget foar opskuor. De natuer soe neffens de tsjinstanners bot te leien hawwe ûnder de bou.
De gemeente Ljouwert naam woansdei in beslút oer de bou fan 400 huzen yn De Hem. 27 riedsleden stimden foar wentebou en 10 stimden tsjin. Yn oanrin nei de gearkomste wie der in demonstraasje fan tsjinstanners. By de yngong fan it âlde stedhûs hongen spandoeken.
Binnen siet de publike tribune fol. De minsken lieten harren hearre as sy it earne net mei iens wienen. Boargemaster Sybrand Buma rôp it publyk op om rêstich te wêzen.

Ien fan de partijen dy't foar it plan stimd hat, is GroenLinks. Dat liket in nuvere kar, want GroenLinks is gewoanwei tsjin plannen foar wentebou yn de omkriten fan natuergebieten.
"We hebben hier een bufferstrook in laten stellen", seit Wim Spoelman fan GroenLinks, ien fan de partijen dy't yn de koälysje sit. "We kijken ook naar het sociale aspect en we zien dat mensen, en met name jongeren, geen kant op kunnen in deze woningmarkt. We laten de natuur niet zitten en houden alles goed in de gaten. Toch lijkt het ons goed dat er huizen komen."
Bauke Aalbers fan de PvdA seit ek dat jongeren gjin hûs fine kinne en dus fynt hy de bou wol rjochtfeardige. "Der binne in soad jongeren dy't gjin kant op kinne. De gemeente moat harren helpe om in hûs te finen. Oars bliuwt it wentetekoart bestean."
'Hounspolder is unike natuer'
De FNP yn Ljouwert is fûl tsjin de bou. "Der binne genôch alternativen", seit Jan-Willem Tuininga fan de partij. "De buffersône sa't dy no yntekene is neffens de rapporten fan de natuerûndersikers, binne te lyts. Dêrnjonken is de Hounspolder in unyk stik natuergebiet yn Nederlân. Der binne in soad piken dy't it net rêden hawwe troch de drûchte, mar yn de Hounspolder hellen sy it wol. Dat gebiet is troch it wetter in soarte fan plas-dras en dus kinne fûgels der goed oerlibje."
Dochs is it neffens wethâlder Hein de Haan net nedich om noed te hawwen oer de natuer. "We doen er alles aan om de kwaliteit te waarborgen."
Fergrutsje ôfstân
D66 wol de grins tusken de Hounspolder en De Hem fergrutsje. Der soe sa'n 500 meter tusken de huzen en de natuer komme moatte. "We willen de vogels beschermen", seit Johan Magré fan D66. "Het is verstandig om te kijken naar andere opties, net als de leegstaande huizen en panden in Leeuwarden. Misschien kunnen we leegstaande bedrijfspanden ombouwen." D66 woe dan ek dat it kolleezje gjin beslút naam.
Neffens wethâlder Hein de Haan is dat gjin argumint. "We praten hier al twee jaar over en dan begin je weer van vooraf aan. Dat heeft geen zin. Het enige verschil is dat de woningnood nog groter is geworden." De gemeente wol ek sosjale wenten bouwe.
Tsjinstanners fan de bou oerwaagje in stap nei de rjochter.