Hobma ljept yn Bûtenpost nei de oerwinning, Rispens bêste by de froulju

Thewis Hobma hat it fierljeppen yn Bûtenpost wûn. De rûtinier kaam ta in ôfstân fan 20,39 meter. It wie de iennige 20-metersprong fan de dei. By de froulju gie de oerwinning nei Femke Rispens.
Kwa ôfstannen wie it wat in teloarstellende jûn yn Bûtenpost. Dêr't it yn de foarige twa wedstriden pr's reinde, ferbettere der woansdei mar ien har bêste skoare ea, de winner by de froulju: Femke Rispens (16,22 meter).
Hobma wie by de manlju fierwei de bêste mei 20,39 meter. Hy sprong mear as in meter fierder as nûmer twa Nard Brandsma (19,01 meter). Jan Teade Nauta makke mei 18,56 meter it poadium kompleet.
Thewis Hobma sprong opnij 20,39 meter
By de froulju wûn Femke Rispens, mei troch de ôfwêzigens fan Marrit van der Wal. Rispens kaam yn har lêste finalesprong ta 16,22 meter, in nij pr dus. It wie ek fierder as de 13,89 meter fan Hanneke Westert, dy't har jierdei net bekroane koe mei in deititel. Nûmer trije wie Femke Brouwer mei 13,72 meter.
Femke Rispens sprong in pr
By de junioaren wienen de ferskillen tusken de nûmers ien en twa lyts. Germ Terpstra sprong 19,10 meter, mar de oerwinning gie nei Wisse Broekstra mei 19,24 meter. Michiel Zijlstra (18,24 meter) makke it poadium kompleet.
Jeltske Terpstra wie de bêste by de famkes mei 14,61 meter, foar har de bêste sprong fan it seizoen. By de jonges gie de deititel nei Timo van der Knaap (16,62 meter).
De winnende sprong fan Femke Rispens