Hartthijs de Vries moat opjaan by NK tiidriden, Anouska Koster fjirde

Hartthijs de Vries © Tour de Tietema
Hurdfytser Hartthijs de Vries fan Kollum is ôfstapt by it Nederlânsk Kampioenskip tiidriden yn Elspeet. Anouska Koster fan De Westereen einige by de froulju as fjirde.
De Vries hie te folle lêst fan syn knibbelblessuere. In wike lyn foel hy by de ien-nei-lêste rit fan de ZLM-Tour. Syn knibbel is noch aardich dik en moast hechte wurde. Noch foardat hy op de helte fan it it parkoers fan fjirtich kilometer wie, moast hy yn de remmen drukke.
"It wie miskien wat tsjin better witten yn, mar ik woe it dochs besykje. Mar nei tsien minuten hie ik wol troch dat it neat waard."
Ek syn dielname oan it NK fan snein stiet op 'e tocht. En dat wylst hy him dêr graach sjen litte wol. "Ek mei it each op dy wedstriid, mei in parkoers dat my wol leit, tocht ik: it hat net safolle sin om no troch te gean."
Jos van Emden waard Nederlânsk kampioen. Daan Hoole en Sjoerd Bax waarden twadde en tredde. Guillaume Visser fan It Hearrenfean waard achttjinde.

Koster fjirde

By de froulju wie Anouska Koster fan De Westereen de bêste Fries. Se einige krekt bûten it poadium en waard fjirde op it NK tiidriden. De Nederlânske titel gong nei Riejanne Markus. Demi Vollering waard twadde. Annemiek van Vleuten einige as tredde.
De Friezen Anneke Dijkstra en Manon de Boer einigen as tolfde en trettjinde. Manon de Boer waard mei dizze tiid wol Nederlânsk kampioen foar hurdfytsers sûnder kontrakt.