Herre Hettema is in wiere 'tandemtiktokhit' mei syn fytstocht fan Grins nei Marokko

Jesper van Bochove en Herre Hettema © Eigen foto
De achttjinjierrige Herre Hettema en Jesper van Bochove fytsten fan Grins nei Marokko. Op in tandem. Sûnder plan. Sy sammelen in kwart miljoen folgers op TikTok mei harren aventoeren en hearre no by de grutste TikTokkers fan Nederlân.
Op TikTok binne de jonges razendpopulêr. Yn fiif wiken fytsten sy fan harren wenplak nei Marokko. In spontaan plan, fertelt de fryske Hettema. "Myn freon Jesper sei tsjin my: Ik wol wol nei Marokko fytse mar net ien wol mei." Hettema hie sels dochs alle tiid en de twa giene kompleet net taret fuort.
"Wy hiene gjin skema, wy binne gewoan nei it suden ta fytst." It siet de twa net mei, in soad maleur mei de fyts kaam op harren paad. "De fyts is ûntelbere kearen út elkoar dondere. Alles wat misgean koe, gie mis."

Hielendal op

No, fyftich dagen letter, binne de jonges fysyk en mentaal hielendal op, sizze se. Hichtepunt wiene alle aardige minsken dy't de twa op harren paad tsjinkaam binne. "Djiptepunt wie Frankryk, as gehiel", seit Hettema.
It aventoer hat de twa op nije ideeën brocht. Hettema wol yn elts gefal graach searjes meitsjen bliuwe en ek mear reizgje.