Plannen Fryske sikehuzen it petear fan de dei, mar der is noch in soad ûnwis

© Omrop Fryslân
De plannen foar in nij sikehûs op De Jouwer en de sluting fan de sikehuzen fan It Hearrenfean en Snits roppe in protte reaksjes op. It nije sikehûs moat derfoar soargje dat der ek yn de takomst oan de soarchfraach foldien wurde kin.
It plan bliuwt net sûnder gefolgen foar ynwenners fan in grut part fan Fryslân. Bygelyks yn Penjum is it nijs oer de sikehuzen it petear fan de dei. "Ik bin reumapasjint", seit in Sjoukje, ynwenner fan it doarp. "Ik bin dus geregeld yn it sikehûs fan Snits te finen. Daliks moat ik nei De Jouwer, mar ik ha gjin rydbewiis."

Kapitaalferneatiging

In goed healoere soene minsken mei in auto ûnderweis wêze fan Penjum nei De Jouwer. Mei it iepenbier ferfier is dat trije kear sa lang. "No komt der noch elts oere in bus troch Penjum, Arum, Kimswert en komme je foar it sikehûs út", fertelt Penjummer Rennie. "Dat moatte we no mar wer ôfwachtsje."
Jacob Hansma fan pleatslik belang Makkum fynt it in bespotlik beslút. "De ouder wordende inwoners van Súdwest-Fryslân moeten telkens verder reizen voor goede zorg. Tevens is het kapitaalvernietiging van twee ziekenhuizen. In Harlingen staat er ook nog 1 voor 90% leeg. En dat al 10 jaar."
Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren © Omrop Fryslân
It nije plan betsjut dat de sikehuzen út de gemeenten Hearrenfean en Súdwest-Fryslân ferdwine en dat de gemeente De Fryske Marren der in sikehûs by krijt. Mar dizze gemeente sjocht harsels net as 'lachende derde', seit boargemaster Fred Veenstra.
Hy is wiis mei it plan foar in nij sikehûs op De Jouwer. "We hawwe ek al in gaadlike lokaasje op it each, mar dêr kin ik noch neat oer sizze". Veenstra wol earst it formele fersyk fan de sikehûsbestjoerders ôfwachtsje. Dêrnei wol hy de nijbouplannen yn de gemeenteried beprate.

'Ynwenners en pasjinten moatte harren útsprekke kinne'

Njonken it nije sikehûs op De Jouwer soenen de sikehuzen fan Ljouwert en Drachten gewoan iepen bliuwe. Zorgbelang Fryslân, de organisaasje dy't opkomt foar de belangen fan minsken dy't soarch nedich ha, fynt it noch te betiid om te oardielen oer dat beslút.
"We zijn het er wel over eens dat we in Fryslân stappen moeten zetten naar toekomstbestendige zorg. Het realiseren van toekomstbestendige zorg is echter onmogelijk zonder de participatie van patiënten", seit direkteur-bestjoerder Esther de Vrij.
Sy fynt it wichtich dat de ynwenners en pasjinten harren oer de takomst fan de sikehûssoarch útsprekke kinne, sadat harren perspektyf ek meinaam wurde sil. "Dat moet gebeuren voordat beslissingen zijn genomen over de inrichting van acute zorg, chronische zorg en zorg aan ouderen door de drie resterende ziekenhuizen."
"Wij vinden het uit de tijd om ziekenhuizen nieuw te bouwen zonder vooraf te overleggen met patiënten en burgers en aanpalende hulpverleners zoals huisartsen, ambulancezorg en ouderenzorg", stelt De Vrij.
Sikehûs Antonius yn Snits moat op termyn ticht, sa is it plan © Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Fakbûn ferrast

De wurdfierder fan fakbûn FNV wie yn earste ynstânsje net op de hichte fan de ûntwikkelingen om de sikehuzen yn Fryslân hinne. De plannen ferrasse har. "We zien graag een uitnodiging van de ziekenhuizen tegemoet om te praten over de personele consequenties van deze plannen."
It fakbûn is wol bekend mei de plannen foar de fúzje tusken sikehûs MCL en Tsjongerschans. It FNV is dêroer al mei de belutsen partijen yn petear. It fakbûn hat oant no ta noch gjin telefoantsjes krigen fan ûngerêste sikehûsmeiwurkers", lit de wurdfierder witte.

'Soarchfâldich trajekt'

De feroarings yn de sikehûssoarch sitte dan ek noch yn de planfoarming, sa seit Sietske Bakker mei klam. Sy is vice-foarsitter fan de ûndernimmingsried fan Tjongerschans.
Neffens Bakker hat de ûndernimmersried "kontinu belutsen west by de plannen". "It is in soarchfâldich trajekt wêryn't de belangen fan pasjinten en meiwurkers goed woegen wurde", stelt se.
Ik hoopje dat se 10 prosint minder personiel nedich hawwe.
Jouke van Dijk, regionaal ekonoom
Regionaal ekonoom Jouke van Dijk tinkt dat in nij sikehûs op De Jouwer tekoarten yn de soarch tsjingean sil. "Ik hoopje dat der minder minsken te wurkjen komme, dat se 10 prosint minder personiel nedich hawwe", seit Van Dijk.
Want neffens him is de arbeidsmerk yn de soarch oer tsien jier noch hieltyd krap en moat de soarch effisjinter om oan de fraach foldwaan te kinnen. Meiwurkers dy't troch bygelyks in pensjoen ophâlde, hoege troch effisjinter te wurkjen net ferfongen te wurden. En dat soe in part fan de krapte oplosse, sa foarseit Van Dijk.

Gjin ekonomyske gefolgen

Van Dijk stelt dat mear spesjalisten op ien plak, yn itselde sikehûs, de soarch better makket, om't mear pasjinten mei deselde kwaal troch in dokter holpen wurde dy't de behanneling faker útfiert.
"It past yn de tendins fan skaalfergrutting", seit Van Dijk. Neffens him wurde sikehuzen oeral advisearre om gear te wurkjen. Sa binne de sikehuzen fan bygelyks Winschoten en Delfzijl yn Grinslân gearfoege ta ien nij sikehûs yn Scheemda.
Dizze feroaring hat gjin regionale ekonomyske gefolgen hân. Foar Fryslân foarsjocht Van Dijk in ferlykber senario.