Liveblog | 21 juny

112-nijs 21 juny: Isolaasjemateriaal op de dyk | Man op trijetsjiller rekket ferwûne

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 21 juny, 22:02
22:02

SAR Nederland fynt trije persoanen op ien dei

SAR Nederland hat ôfrûne jûn holpen by trije sykaksjes nei fermiste persoanen. Alle trije hienen se in goede ôfrin.
Twa gefallen spilen him yn Fryslân ôf. Yn Ljouwert fûnen minsken fan de SAR in fermiste man op in bankje yn natuergebiet de Griene Stjer yn Ljouwert,
Yn Wolvegea waard in jonkje fan 14 weromfûn
19:17

Isolaasjemateriaal op de dyk by Wolvegea

Der binne woansdeitemiddei tsientallen isolaasjeplaten fan in oanhinger fallen op de A32 by Wolvegea. De dyk lei besiedde mei lytse stikjes fan it guod. In sûger hat it isolaasjemateriaal fan de dyk helle.
Isolaasjemateriaal op de dyk © Compact Media
11:18

Man op trijetsjiller rekket ferwûne yn Ljouwert

By in ûngelok is in man op in trijetsjiller ferwûne rekke. Dat barde om 10.40 oere hinne oan de Centrale yn Ljouwert.
De man is troch de ambulânse meinaam nei it sikehûs. Hoe't it ûngelok barre koe, is net dúdlik.
© AS Media
11:08

Plysje siket eigener fan twa setten ark

© Plysje Ljouwert
Twa koffers mei ark binne tiisdei ûnder fertochte omstannichheden fûn by in persoan oan de Skrâns yn Ljouwert. It ark is yn beslach naam en stiet de takom twa wiken op it plysjeburo.
De plysje ropt de eigener fan de koffers op kontakt op te nimmen.
06:20

Fermist jonkje wer teplak

It 14-jierrige jonkje dêr't plysje en SAR Nederland tiisdeitejûn nei op syk wiene is weromfûn. Hy wie middeis om 14.00 oere fuortgien fan de Koninginnenpage yn Wolvegea en koe dêrnei in pear oeren net fûn wurde.
Om 23.00 oere hinne melde Burgernet Friesland dat de jonge wer teplak is.