Arieke Reiding wurket yn Brussel foar de Italiaanske Eurokommissaris en wol noch net werom

© Omrop Fryslân
Arieke Reiding fan Stiens liket it dreech te finen lang op itselde plak wenjen te bliuwen. Trije kontininten hat sy al hân. Op dit stuit wennet sy yn Brussel en wurket se foar de Italiaanske Eurokommisaris. Ek yn it heuvelachtige Brussel bliuwt sy fytsen nei it wurk, al laitsje har kollega's har út.
"Oeral dêr't ik wenne haw, fyts ik: Súd-Amearika, Israël, Italië." Har drive om Fryslân te ferlitten begûn al doe't Arieke te studearjen gie. "Ik wie in jier as fjirtjin en doe tocht ik: ik wol wol wat mear sjen. Myn âlden seinen: moatst wol dyn bêst dwaan bliuwe, dan pas kinst hjir sa gau as mooglik wei." En dus sette sy op har santjinde ôf nei Grins.
Mar dat wie net fier fuort genôch, dus al gau waard Utrecht har nije wenplak. "Dêr tocht ik: ik moat ris bûten Nederlân sjen, en sa gie dat troch." In lange reis yn Súd-Amearika, en stúdzjes yn Italië en Israël letter kaam Arieke werom nei Nederlân. Yn Delft makke sy har stúdzje Ekonomy ôf.

De polityk yn

Noch in healjier wurke sy yn Súd-Amearika en kaam dêrnei telâne yn Den Haag. Op it ministearje fan Finânsjes wurke sy as ekonoom. "Dêr hast in soad te krijen mei polityk. Doe tocht ik, ik moat ek mar ris sjen hoe't it yn Brussel sit."
Arieke Reiding yn Brussel © Omrop Fryslân
Yn Brussel wurket Reiding foar de Italiaanske Eurokommisaris, "de Italiaanske Frans Timmermans sis mar". Elts lân hat syn eigen politikus, Timmermans docht klimaat út namme fan Nederlân, syn Italiaanske kollega docht Ekonomy en Finânsjes.

Efkes wenne oan de lunchtiid

It wurk foar it Italiaanske team is efkes wenne, fûn Reiding. "Elke dei is it wer gek dat wy lunche om trije oere. Gelokkich haw ik in Dútske kollega mei wa't ik wol gewoan om tolve oere ite kin."
Alle dagen fytst Arieke nei it wurk © Omrop Fryslân
It gearwurkjen mei minsken út in oare kultuer hat foar- en neidielen, fynt Reiding. "Ik fyn de taal hiel noflik en it is hiel aardich te fernimmen dat eltse kultuer wer oars is. Merkst dat it wat losser is allegearre. Guon dingen nimst mei fan oare kultueren en fan oare dingen tink ik: fijn dat wy dat yn Nederlân oars dogge."

Lossere sfear

Oars as yn Den Haag is de wurksfear yn Brussel ek wat losser. "Der wurdt wat minder fêstholden oan regels. Hjir kin it wat mear tusken de regels troch, dan is der ek wat mear romte foar kreativiteit."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt har en hokker aventoeren meitsje se mei?
Gau werom nei Fryslân hoecht om Reiding dêrom ek net perfoarst. Sy sit der sels oer nei te tinken mei har freon nei Amearika te ferhúzjen. Net foar altyd, mar wol tegearre. Uteinlik wolle sy mei syn beiden wol wer yn Nederlân terjochte komme.
"Ast in pear kear yn it bûtenlân wenne hast, fernimst dat dyn freonskippen yn Nederlân wol hiel dierber binne. Ik merk hieltyd dat it dreger wurdt om dat te ûnderhâlden."