Liveblog | 21 juny

Dit wie de fjirde dei fan de Alvestêdetriatlon fan Maarten van der Weijden

Maarten van der Weijden hopet de kommende dagen in Alvestêdetriatlon te folbringen. Swimmend, op 'e fyts en kuierjend. Hy giet de útdaging oan om jild op te heljen foar kankerûndersyk. Yn dit liveblog folgje wy Van der Weijden.

Lêst bywurke: 21 juny, 22:48
22:48

Oant moarn!

Aldtsjerk is yn sicht. Van der Weijden swimt noch wol even troch. Hy hopet tsjin middernacht yn Ljouwert te wêzen. Wy hâlde der foar hjoed wol mei op. Moarn folgje we de ferrjochtingen fan Van der Weijden wer yn in liveblog. Oant dan!
22:13

Bartlehiem foarby

Van der Weijden leit noch altyd yn it wetter. Yntusken is er Bartlehiem foarby. Ljouwert komt stadichoan tichterby.
20:31

Van der Weijden hopet foar middernacht yn Ljouwert te wêzen

Maarten van der Weijden swimt rêstich troch. Hy is yntusken Burdaard foarby en hopet noch foar middernacht oan te kommen yn Ljouwert. Dan sit it earste part fan syn triatlon derop.
Omdat der goed waar ferwachte wurdt, sil Van der Weijden by it fytsen en kuierjen om de 40 kilometer 15 minuten skoft hâlde. De ferwachting is dat er sneon om 16.20 oere oer de einstreek komme sil.
18:23

It skema fan Van der Weijden

Goed sân oeren leit Van der Weijden achter op skema. Hy swimt stadiger as dat de organisaasje tocht hie en tiisdeitejûn siet it waar ek nochris net mei. Troch tongerbuien moast er efkes it wetter út.
Wat betsjut dat foar it tiidskema?
17:16

Sa kaam Maarten van der Weijden oan yn Dokkum

Sa kaam Van der Weijden oan yn Dokkum
16:43

Stimpel fan boargemaster Kramer

Van der Weijden krige yn Dokkum in stimpel fan boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân en berneboargemaster Ilse.
De swimmer lit witte dat hy it fantastysk fynt om yn Dokkum te wêzen. Hy ropt minsken op om donearjen te bliuwen foar kankerûndersyk.