BBB, CDA en CU werom nei ferkenningsfase: no yn petear mei FNP en VVD

Fraksjefoarsitter Abel Kooistra (BBB) © Hoge Noorden / Jacob van Essen
BBB, CDA en CU wolle yn petear mei de FNP en VVD. Dat is besletten nei oanlieding fan de klapte ûnderhannelings oer in koälysje troch it weromlûken fan de PvdA. Dat wylst de ûnderhannelings moandeitejûn hielendal rûn liken.
It waard sels fierd: nei in perioade fan ûnderhanneljen ûnder lieding fan Oebele Brouwer wie der in akkoart. De hantekeningen stiene der sels al ûnder, mar tiisdeitemoarn luts de PvdA har dochs werom.
Moandeitejûn waard - ek troch PvdA-leden - noch fierd dat de ûnderhannelings klear wiene © Omrop Fryslân
De ôfspraken dy't de partijen makke hiene oer finansjes op it mêd fan kultuer en de natuer wiene reden foar PvdA om út de ûnderhannelings te stappen. Sy ûnderhannelen mei BBB, CDA en CU oer in akkoart op haadlinen.
De oare trije partijen wolle no fierder. It is earst in stap werom, skriuwt fraksjefoarsitter Abel Kooistra fan BBB, mar de yntinsjes fan de partijen binne itselde: sa gau mooglik komme ta in kolleezje en akkoart mei draachflak. Mei de FNP of VVD kinne de trije partijen beide ta in mearderheid komme.
Chris Stoffer © Omrop Fryslân
It betsjut dat de partijen earst werom moatte nei de ferkenningsfase. BBB hat SGP'er Chris Stoffer frege om dizze taak as ynformateur nochris op him te nimmen. De petearen sette op 22 juny útein.