Nettsjinsteande 'carte blanche' fan wethâlder wie nearne plak foar Welcome to the Village

Welcome to the Village yn 2017 © ANP
Om it festival Welcome to the Village yn Ljouwert te hâlden, joech wethâlder Hein Kuiken 'carte blanche' oan amtners om in geskikte lokaasje foar it evenemint te finen.
Dochs koe der neffens Kuiken gjin plak sûnder obstakels fûn wurde. De organisaasje fan it festival besleat dêrom út need op te hâlden mei it evenemint.
It festival waard tradisjoneel yn de Griene Stjer hâlden, mar dat wie nei juridyske prosedueres oer fergunningen net mear mooglik. Stichting Groene Ster Duurzaam makke hieltyd beswier tsjin it festival, mei sukses.
Yntusken wurket de gemeente oan in nij bestimmingsplan wêrtroch't it wer mooglik wurde moat om festivals yn de Griene Stjer te organisearjen. Dat soe op syn betiidst oer in pear jier wêze, want der wurdt opnij op beswier rekkene.

Stip op de hoarizon

"De verwachting en de hoop is wel dat er vanaf 2025 en verder weer dingen mogelijk zijn", seit wethâlder Hein Kuiken. "En dat is wat mij betreft de stip op de horizon. Maar ik snap dat Welcome to the Village na een periode van droogte daar simpelweg de energie niet meer voor heeft."