Sikehuzen Snits en It Hearrenfean op termyn ticht, De Jouwer krijt in nij hospitaal

Fryslân ferliest twa sikehuzen. It Antonius yn Snits en Tjongerschans op It Hearrenfean gean beide op termyn ticht. Yn it plak dêrfan komt op De Jouwer in nij sikehûs.
Dat nije sikehûs moat der binnen tsien jier stean, is it idee. De plannen binne hjoed op in parsekonferinsje bekendmakke, mar wurde al sûnt oktober 2022 bepraat. Troch it sluten fan de sikehuzen yn Snits en op It Hearrenfean wolle de belutsen partijen de takomst fan de sûnenssoarch feilich stelle. De sikehuzen fan Ljouwert en Drachten bliuwe iepen.
200 oant 250 miljoen
"We beseffen dat het een ingrijpende verandering is", sa seit bestjoerder Patrick Vink fan it MCL. De sluting en de nijbou moatte de kommende tsien jier harren beslach krije. It nije hospitaal fan De Jouwer sil ek pasjinten út Flevolân betsjinje. Dat giet om in folweardich sikehûs mei alle dissiplines.
Sikehuzen Snits en It Hearrenfean op termyn ticht
Fierder jout Vink oan dat de wurkgelegenheid net rekke wurdt. "Onze zorg om mensen te krijgen, is veel groter. We zijn nu al blij met iedere medewerker die we in huis hebben."
It giet om in totale ynvestearring fan sa'n 200 oant 250 miljoen euro. Neffens bestjoerder Tjeerd Rijpma fan Tjongerschans is der om ferskate redenen keazen foar De Jouwer: "We hebben gekeken naar het verzorgingsgebied en wat de beste aanrijtijden voor ambulances zijn."
Gearwurkje
It is al jierren de bedoeling fan de Fryske sikehuzen om mear gear te wurkjen om sa de sûnenssoarch te konsintrearjen. Op it mêd fan de akute soarch wurkje de lytsere sikehuzen al gear.
"Als je diep in mijn hart kijkt, zou ik het liefst ons ziekenhuis behouden", seit Anita Boreas fan de medyske stêf yn Snits. "Het heeft grote gevolgen voor patiënten en medewerkers. Maar het kan niet anders, het personeelstekort is groot. Een kwart van de basisartsen wil er niet meer werken. Dat houden we niet niet vol."