Formateur Oebele Brouwer nei mislearre formaasje: "Wy wiene der moandeitejûn út"

Formateur Oebele Brouwer is bot teloarsteld dat it net slagge is in koälysje te foarmjen fan BBB, PvdA, CDA en ChristenUnie. Hy hat de oare partijen en kommissaris fan de Kening Arno Brok tiisdeitemoarn ynformearre oer it beslút fan de PvdA. Brouwer hat syn taak as formateur ek werom jûn.
"Nei goed twa moanne ûnderhanneljen, wiene wy der moandeitejûn út. En dat ha wy ek mei elkoar fierd. Wyn, terras, feestfoto's, hugs. Mar tiisdeitemoarn krige ik berjocht fan de PvdA. Dy lûkt him wêrom", seit Brouwer. "Fryslân moat no langer wachtsje op in akkoart."
Foar Brouwer fielt de útkomst fan de ûnderhannelings as 'in enoarme nederlaach' sa lit hy witte. "Ik haw enoarm yn dit ynformaasjeproses ynvestearre. Mei dizze partijen en mei dizze minsken. Mar ik haw it net foar mekoar krigen. Hoe't it no fierder moat, is oan de polityk."