Formaasje nije provinsjebestoer rint fêst; PvdA stapt út ûnderhannelings

De Partij van de Arbeid stapt út de formaasje fan it nije provinsjale bestjoer. Dat hat de Steatefraksje fan de partij tiisdeitemoarn besletten. Tiisdeitejûn sille de leden bypraat wurde.
De partij kin net akkoart gean mei plannen om te besunigjen op kultuer en natuerûntwikkeling. Fraksjefoarsitter Edou Hamstra seit yn in earstje reaksje dat sy 'bitter teloarsteld' is.
Formaasje nij provinsjebestoer rint fêst
BBB, CDA en ChristenUnie
De PvdA siet de ôfrûne moannen ûnder lieding fan Oebele Brouwer oan de ûnderhannelingstafel mei de BBB, it CDA en de ChristenUnie. Dy kombinaasje wie foarsteld troch ynformateur Chris Stoffer. De trije oare partijen ha mei inoar gjin mearderheid yn de Steaten.
De partij hie sels al in beëage kandidaat-deputearre. Dat wie wethâlder Jelle Zoetendal fan It Hearrenfean.