Ben Tuinstra wol as earste Snitser sûnt 1996 wer nei de Spelen: "Dat is mijn doel"

Follyballer Ben Tuinstra wol de earste Snitser wurde sûnt Jan Posthuma en Olof van der Meulen yn 1996 dy't wer ris nei de Olympyske Spelen giet. As kampioen fan Turkije en as ien fan de dragende spilers fan Oranje sit dat der neffens Tuinstra seker yn. "Ik wil dat ook bereiken."
En de kâns dat dat slagget, wurdt hieltyd grutter. De Nederlânske manlju dogge it de lêste jierren goed en harren posysjes op de wrâldranglist (12e) is no sa goed, dat de Spelen fan 2024 yn Parys helber binne. "Dat is ons doel. Voor mezelf ook. Het is het hoogsthaalbare."
Snitser follybalbolwurk
Yn 1996 pakte it Nederlânske follybalteam goud op de Spelen yn Atlanta. Dat diene se doe mei twa Snitsers: Jan Posthuma en Olof van der Meulen.
"Als je in Sneek begint te volleyballen, groei je op met Olympisch goud. Ik heb nooit met ze gewerkt, maar ze hebben qua motivatie wel bijgedragen aan mijn carrière. Je kijkt tegen ze op. Je wilt dat ook bereiken. Misschien is Olympisch goud wat te veel gevraagd, maar het is mooi als je als Sneker dan weer de Olympische Spelen kunt halen."

Krekt as Van der Meulen en Posthuma kin Tuinstra ek in belangrike rol spylje yn it sukses fan it Nederlânske team. Tuinstra spilet by in topklup en is ien fan de dragende krêften fan dit nije Oranje.
"Ik merk wel dat ik een belangrijkere speler ben geworden in Oranje. Een leider ben ik niet echt. We hebben eigenlijk maar één leider en dat is Abdel-Aziz. Hij is gewoon wereldtop en iedereen heeft mega veel respect voor hem. Hij de man. Niet alleen bij ons, maar in de hele wereld."
Dochs spilet Nimir Abdel-Aziz by de nûmer twa fan Turkije (by Halkbank Ankara) en Tuinstra al twa jier by de nûmer ien Ziraat Bankasi Ankara. "Zo is het ook. Maar ik ben bescheiden. Statistisch gezien heb je gelijk, haha. Maar Nimir heeft al heel veel bewezen. Ik zit nu twee jaar op dit niveau."

Nederlân moat by de earste tolve stean op de wrâldranglist om har te platsen foar de Spelen. Mar omdat troch de oarloch Ruslân (3e) net meidocht en Frankryk (6e) as organisearrende lân der ek by stiet, foldocht wierskienlik de earste tsien.
"Zoals we er nu voorstaan, gaan we."
Nations League yn eigen lân
Nederlân docht mei fyftjin oare lânnen mei oan de Nations League. De earste fjouwer wedstriden yn Kanada sitte der op. Nederlân wûn fan Kuba en Dútslân en ferlear fan Amearika en Argentinië.
Kommende wike spilet Oranje wer fjouwer wedstriden. Dizze kear yn Ahoy, yn Rotterdam. Tiisdeitejûn is de earste wedstriid tsjin Sina. "Ik denk dat we China (26e), Iran (11e) en Servië (10e) wel moeten kunnen pakken. Polen is de nummer één van de wereld. Dat is niet echt realistisch."
"Het is sowieso leuk om in Nederland te spelen en het mannenvolleybal weer op de kaart te zetten. Drie jaar geleden waren we nog 26e van de wereld. Het vrouwenteam kreeg de prioriteit, maar nu krijgen wij meer respect."
Kampioen yn Turkije
Twa jier lyn makke Tuinstra de oerstap fan Lycurgus út Grins nei Ziraat Bankasi Ankara. In grutte klup yn in follybalgek lân. Se dogge elts jier mei om de titel. "Het is niet een moetje, maar het is wel een club die een team bouwt om kampioen te worden. Het gaat vooral om Galatasaray, Fenerbahce, Arkas en Halkbank Ankara. Daar horen wij bij. Die clubs strijden voor de titel."
It publyk yn Turkije belibbet de wedstriden nochal oars as yn Nederlân. Follybal is in grutte sport yn Turkije. "Het is niet zo dat we spelen voor een paar hondenkoppen. Zoals in Nederland. Het is veel fanatieker. De fans zijn veel enthousiaster. In Nederland hoor je een muziekje en dan klappen de mensen even. Hier gaan de fans de hele wedstrijd door. Ik ga daar erg lekker op."
Follyballer Ben Tuinstra wol graach nei de Olympyske Spelen
De ôfrûne twa jier pakte Tuinstra de Turske titel. Al wie it ôfrûne seizoen noch hiel spannend. Se helle de heale finales en moasten tsjin Fenerbahce, mar se hiene yn de beker krekt ferlern fan dy ploech. "Toen hadden we zoiets van oei. We dachten: als we de finale maar halen."
Dat slagge en yn de finale moasten se tsjin Halkbank Ankara, de ploech fan Abdul-Aziz. Nei fjouwer wedstriden wie it 2-2 en de apoteoaze kaam yn it lêste duel. "Dat was echt heel spannend. Dik 13.000 supporters in het stadion. In die laatste wedstrijd kwam de ontlading."
Goed libben yn Ankara
Tuinstra hat yntusken bytekene foar in tredde seizoen yn Turkije. Hy hat it goed nei syn sin yn de haadstêd fan Turkije. "Super. Je kunt er heerlijk eten en ik heb een super appartement. Vier slaapkamers, een megabalkon; eigenlijk veel te groot voor me."
Tuinstra is net de iennige Nederlânner by Ankara. Syn kollega Wouter Ter Maat wennet yn itselde gebouw. "We trekken veel met elkaar op. Hij zit daar met zijn vrouwtje en een kindje. Nee, ik heb geen partner. Ik ontdek Turkije een beetje."
Follyballer Ben Tuinstra spilet foar tûzenen minsken yn Ankara
Yn de Champions League helle Tuinsta dit seizoen de lêste acht. Dêryn moasten se tsjin Berlyn. Gewoanwei is it in best of three wedstriid, mar troch de ierdbeving yn Turkije waard dy wedstriid weromsetten yn ien wedstriid yn Berlyn. En dy ferlearen se mei 3-2. "Als je wat wilt in de Champions League, dan moet je wedstrijden tegen Berlijn gewoon winnen."
By de lêste seleksje sieten ek Steven Ottevanger en Gijs van Solkema fan Snits. Sy binne no alle twa net oproppen foar Oranje.
De follybalfroulju hawwe harren earste fjouwer wedstriden foar de Nations League al spile yn Japan en dy alle fjouwer ferlern. De seleksje spile mei in jonge ploech. Sa spile Hester Jasper fan Snits wol mei. Se giet ek mei nei de folgjende fjouwer wedstriden yn de Nations League yn Hongkong, mar se sit net by de seleksje. Se hat in rêchblessuere. Se giet mei, omdat de ploech fan Hongkong nei Bangkok giet foar wer fjouwer wedstriden yn de Nations League. Mooglik sit se dan wol by de seleksje.
Marrit Jasper, de sus fan Hester, is dit kear net opnaam yn de seleksje. Se hat sels oanjûn dat se ta is oan rêst. Nei in swier seizoen by Nantes yn Frankryk. "Ik heb er voor gekozen even rust te nemen. Ik blijf thuis in Sneek wel bezig, maar even niet het reizen. In juli sluit ik weer aan."
De lêste trije jier gong de winst yn de Champions League nei de Poalske klup ZAKSA Kedzierzyn-Kozle. Yn Ankara wolle se dêr ek nei ta. "Voor de club is het een nieuw doel. Ze willen over de hele wereld het goed doen en naam krijgen."
Tattoo fan in ingelenûmer
De earmen fan Tuinstra wurde sierd troch in oantal tattoos. De tekst fan in nûmer fan Kanye West ("everything i'm not made me everything i am"), ACTA NON VERBA (dat betsjut 'geen woorden, maar daden', "maar ik ben geen Feyenoord-fan hoor"), it gesicht fan in Nigeriaanske jazz-sjongeres Sade en opfallend: de trije sifers 222.
It is in engelennûmer. As dit nûmer ferskynt, dan jout dat in boadskip fan hoop en liuwen en moediget dy oan om te liuwen yn it plan fan God.
De sifers 222 betsjutte in soad foar Tuinstra. "Misschien heb jij dat ook, dat je getallen ziet op de tijd. Dat je steeds alleen die getallen ziet. Bijvoorbeeld 111. Of zoals bij mij steeds die cijfers 222. Dan heb ik nog steeds. Overal waar ik kijk: 222. Mijn broer heeft ook een tattoo van engelennummers. Ik vind het wel mooi."