Liveblog | 20 juny

Dit wie de tredde dei fan de Alvestêdetriatlon fan Maarten van der Weijden

Maarten van der Weijden hopet de kommende dagen in Alvestêdetriatlon te folbringen. Swimmend, op 'e fyts en kuierjend. Hy giet de útdaging oan om jild op te heljen foar kankerûndersyk. Yn dit liveblog folgje wy Van der Weijden.

Lêst bywurke: 20 juny, 22:44
22:44

Van der Weijden swimt by Wier de nacht yn

Wy hâlde der foar hjoed mei op, mar Maarten van der Weijden swimt gewoan troch. Hy is krekt Berltsum foarby en set no koers rjochting Wier.
Moarnier binne we der fansels wer om de Alvestêdetriatlon te folgjen. Oant dan!
21:44

Skema oanpast, Van der Weijden moarntemiddei yn Dokkum ferwachte

Maarten van der Weijden swimt op dit stuit yn de rjochting fan Berltsum. Hy leit oeren efter op skema foar syn alvestêdetriatlon, mar Van der Weijden giet stadichoan troch.
De planning wie earst dat hy dizze jûn yn Dokkum oankomme soe. Dat is yntusken bysteld nei moarntemiddei 15.45 oere.
Maarten van der Weijden krekt foardat hy it wetter wer yn gie © CAMJO Media
20:36

Van der Weijden sil it wetter wer yn

De tonger is yntusken it lân út en dus fynt it team om Maarten van der Weijden hinne it wer fertroud om de alvestêdetriatlon te ferfetsjen.
Van der Weijden hat wol wer efterstân op it skema oprûn. Wannear't er yn Dokkum oankomt, is noch net bekend.
18:57

Skûlje foar de tonger

Van der Weijden is noch hieltyd by Rie. Dêr wurdt om 19.15 oere tonger ferwachte. Eltsenien moat fan it wetter ôf en in skûlplak sykje.
Om 20.30 oere wurdt besjoen oft Van der Weijden noch fierder swimme kin.
Gjin aksje op it wetter. Van der Weijden moat de tonger ôfwachtsje © RTV NOF, Ben de Jager
18:13

Van der Weijden docht in 'powernap'

Maarten van der Weijden is no it wetter út. Hy is efkes oan it sliepen. Mooglik sil hy sliepe oant de tonger foarby is, mar dêr wurdt noch oerlis oer fierd.
17:46

It fytsen mooglik in dei letter

Van der Weijden swimt op it stuit by Rie. De fraach is hoelang't er hjoed noch swimt, want der komt tonger oan.
In team yn Ljouwert hâldt it waar yn de gaten. As se it net mear fertrouwe, giet hy derút.
Dat kin noch mear fertraging opsmite. It twadde ûnderdiel fan de triatlon, de fytstocht, soe woansdei plakhawwe, mar dat kin wolris tongersdei wurde.