Festival Welcome to The Village hâldt op: "In Leeuwarden geen stip op de horizon"

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Nei tsien jier komt der in ein oan Welcome to The Village. It festival mocht net mear hâlden wurde yn rekreaasjegebiet de Griene Stjer by Ljouwert en wie op syk nei in nije lokaasje. Dat is net slagge, seit de organisaasje, en dêrtroch hâldt it festival op te bestean.
"We hebben de afgelopen twee jaar gezocht naar een geschikte locatie om Welcome to The Village door te zetten, maar elke keer liepen we tegen muren op", seit artistyk lieder Eva van Netten. "Binnen de huidige structuren en alle zwaarte rondom de vergunningen blijkt er in Leeuwarden geen stip op de horizon om naartoe te werken."
Der waard al jierren fochten tsjin de fergunningen foar festivals yn it Griene Stjergebiet, om't dy yn striid wêze soenen mei natuerbelangen. Yn desimber wie al dúdlik dat de edysje fan dit jier net trochgean soe, om't der gjin alternative lokaasje fûn wurde koe.
Artistyk lieder Eva van Netten fan festival Welcome to the Village © Omrop Fryslân
De festivalorganisaasje seit lilk, teloarsteld en drôvich te wêzen no't it net mear trochgean kin, mar ek grutsk op wat it de ôfrûne jierren delset hat.
De earste edysje fan Welcome to The Village wie yn 2013. Trije jier letter waard it útroppen ta it meast ynnovative festival fan Nederlân. Troch de jierren hinne stiene tal fan nasjonale en ynternasjonale artysten op de programmearring, sa as Franz Ferdinand, De Staat, Wende Snijders en Mark Lanegan.