Buorlju fan ferdronken jonkje by Snits sammelje jild yn foar syn begraffenis

Rekreaasjegebiet De Potten by Snits © Omrop Fryslân
De buorlju fan it jonkje dat sneon ferdronken is yn rekreaasjegebiet De Potten by Snits hawwe in donearaksje opset foar de útfeart. Dat jild hat de famylje sels net. Underwilens is mear as twa kear it streefbedrach fan 5.200 euro binnenhelle.
It nijs fan it ferstjerren fan it jonkje hat in grutte ympakt op de minsken oan de Voorzoom yn de wyk Tinga yn Snits. De buorlju wolle mar wat graach yn it spier komme om de húshâlding te helpen.

Plysje by de buorlju

Neffens buorman Timo Westra is it 'bizar' wat der bard is. De buorlju wiene mei elkoar in sket oan it bouwen en soene barbecue, doe't se plysje by de buorlju foar de doar seagen. "Toen lazen we op Facebook het bericht dat een jongetje vermist was bij De Potten", seit Westra.
"We hoopten met zijn allen dat het hem niet zou zijn. Toen kwam de buurman met zijn vrouw thuis en zagen we eigenlijk meteen dat het mis was."
Het jongetje dat om het leven kwam, voetbalde geregeld met mijn zoon en andere jongetjes uit de buurt.
Buorman Timo Westra
It gesin, foar safier't de buorlju witte komme se út Afganistan, wenne noch mar twa moanne yn de strjitte, seit Westra. "Het jongetje dat is omgekomen, voetbalde met mijn zoon en andere jongens uit de buurt."
Doe't de famylje der krekt kaam te wenjen, hat de buert har holpen om te yntegrearen. Westra sels hat se bygelyks in bankstel en tv jûn. It kontakt mei de rest fan de famylje ferrûn dreech, fanwege de taal.
It njoggenjierrige slachtoffer wie de iennichste yn it gesin dy't him in bytsje rêde koe mei it Nederlânsk. "Maar we proberen ze toch te betrekken bij de buurt."

Gjin jild foar útfeart

De famylje hat sels it jild net om de útfeart te beteljen en is der ek net foar fersekere. De gemeente Súdwest-Fryslân helpt it gesin troch de kosten foar te sjitten. De buorlju wolle har dêrnei helpen om alles werom te beteljen. Dêrom is de donearaksje opset.
"Als je in rouw bent, met je kinderen, dan wil je je niet bezighouden met de financiële rompslomp van een begrafenis."

Streefbedrach helle

It is neffens Westra hertferskuorrend om te sjen dat de famylje net genôch jild hat. "Daarom vinden wij het niet meer dan normaal om een handje te helpen." It streefbedrach fan 5.200 euro is yntusken dûbeld en dwers helle, mar de aksje bliuwt iepenstean.
De familie kan het niet geloven. Het is voor hen ook een beetje onwerkelijk denk ik.
Westra oer hoe't de famylje reagearre op de donearaksje
De jonge wurdt nei alle gedachten te hôf brocht op in islamitysk begraafplak yn Ljouwert. Yn oerlis mei de famylje wolle de buorlju ek soargje foar in grêfstien.
Neffens Westra is it troffen gesin bot ûnder de yndruk fan de help dy't se krije. "Ze kunnen het niet geloven. Het is voor hen ook een beetje onwerkelijk denk ik."
Donearje foar de famylje fan it jonkje kin op dizze webside.