Liveblog | 19 juny

112-nijs fan moandei 19 juny: Twa minsken slim ferwûne by iensidich ûngelok yn Garyp

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 19 juny, 23:21
23:21

Twa swierferwûnen by ûngelok yn Garyp

© CAMJO media
By in ûngelok op de Sigerswâld yn Garyp binne twa ynsitters fan in auto slim ferwûne rekke. Dat meldt de plysje. Wat krekt gebeurd is, is noch net dúdlik. Wol wit de plysje dat it om in iensidich ûngelok giet. Neist de plysje wiene ek ambulânsen en de brânwacht belutsen by de helpferliening.
17:46

Mishanneling fan hurdfytser komt Drachtster op wurkstraf te stean

In 20-jierrige Drachtster dy't yn maaie yn Hurdegaryp in hurdfytser knock-out sloech, is troch de plysjerjochter feroardiele ta in wurkstraf fan 60 oeren.
Op 15 maaie mishannele de Drachtster in hurdfytser op de Rijksstraatweg yn Hurdegaryp. De fytser koe de Drachtster by it oerstekken noch krekt ûntwike. Doe't de fytser in opmerking makke, stuts de Drachtster yn lilkens. Neffens tsjûgen stompte hy de fytser tsientallen kearen yn it gesicht.

Ut de tiid

De fytser rekke út de tiid en waard mei in brutsen noas ôffierd nei it sikehûs. Yn jannewaris wie de Drachtster belutsen by in gefjocht yn in kafee yn syn wenplak. Ek no kaam de agresje fan de kant fan de fertochte.
12:20

Brânwacht befrijt hynder út sleat yn Himpens

Hynder te wetter by Hiddema-State
Yn Himpens hat de brânwacht moandeitemoarn oardel oere dwaande west om in hynder út de sleat te heljen. Dit barde by stâlhâlderij Hiddema-State oan de Suderbuorren.
Nei meardere mislearre pogingen mei touwen en mankrêft, waard besletten om in brânwachtwein mei kraan derby te heljen. Underwilens gong de eigeneresse fan it hynder it wetter yn, om har ûnderwilens ôfmêde hynder del te bêdzjen.

Herenige mei soartgenoaten

De brânwacht lei spesjaal ark ûnder it bist. Mei help fan de kraan, kaam er úteinlik wer op de wâl. Neidat it hynder bykommen wie, foege er him wer by syn soartgenoaten, fierderop yn 'e greide.
Letter wurdt nei alle gedachten sjoen oft it hynder ferwûningen oerhâlden hat oan it aventoer.
12:05

Treinferkear Meppel - Zwolle wer op gong, fertraging nei it noarden nimt ôf

Op it spoar tusken Meppel en Zwolle binne de beheiningen foarby. It treinferkear rydt om 12.15 oere wer neffens de tsjinstregeling. Treinen fan en nei it noarden ta hiene moandeitemoarn lêst fan fertraging troch in oanriding op it stik tusken Meppel en Zwolle.
10:24

Gjin treinen op trajekt Meppel - Zwolle, fertraging op spoar nei it noarden

© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Fanwegen in oanriding op it spoar tusken Meppel en Zwolle ride treinen út Fryslân en Grinslân wei net fierder as Meppel. Reizgers moatte rekken hâlde mei in oere ekstra reistiid. De problemen duorje neffens NS oant 13.00 oere.
10:00

Brân yn wynmûne Aldtsjerk

Brân yn wynmûne yn Aldtsjerk
De brânwacht moast moandeitemoarn útride foar in brân yn in wynmûne oan de Wierewei yn Aldtsjerk. De brânwacht kin net goed by de mûne fan sa'n 30 meter komme en wachtet ûnder ôf oant de brân sels út giet.
De wei is ôfset om't de wynmûne of in part derfan falle kin.