Ljouwerters siede iten mei-inoar en meitsje multykultureel resepteboek

© Shutterstock
Mei-inoar itensiede en ite ferbynt. Dat is de gedachte fan in multykultureel projekt by Stichting 058 Samen Sterk yn Ljouwert. Dizze hjerst komt der in itensiedersboek út mei âld-Hollânske gerjochten dy't in bûtenlânsk tintsje hawwe.
By Stichting 058 Samen Sterk, yn de âlde klaaikeamers njonken it Cambuur Stadion, wurde alderhande aktiviteiten foar Ljouwerters organisearre. Fan bewege oant mei-inoar ite. It binne inisjativen fan Jerrel Ramdat, dy't wykbewenners mei in sosjale en/of kulturele efterstân in stap foarút helpe wol.
In nij inisjatyf fan Ramdat is it projekt Voeding Verbindt. It is in gearwurking mei de Ryksuniversiteit Grins, Campus Fryslân en soarchfersekerder De Friesland. De gedachte is dat mei-inoar itensiede en ite goed is foar de ferbining ûnderling, mar ek goed is foar de sûnens troch it brûken fan mear griente en fruit.
Twa Koerdysk-Iraakske besikers fan Samen Sterk 058, Jwan en Monira, binne sljocht op itensieden en dogge mei oan dit projekt. Freeds meitsje se lunch foar de besikers fan it sintrum. Ofrûne freed makken se in útstapke nei Campus Fryslân en ha se dêr it Koerdyske gerjocht dolma mei Nederlânske andyvje makke, in knypeach nei âld-Hollânske grienten.
Yn totaal hawwe besikers en frijwilligers, lykas Jwan en Monira, tsien gerjochten betocht mei Hollânske grienten en hawwe dy in multykultureel tintsje jûn. Dizze resepten komme yn in itensiedersboek mei eigen tekeningen, makke troch de Ljouwerter keunstner Carole Witteveen. De earste oplage bestiet út 250 boeken en ferskynt dizze hjerst.