De Vries einiget yn Kanada as lêste nei mislearre ynhelaksje

© Red Bull Content Pool
Nyck de Vries ried in prima, mar wol anonime, race oant syn ynhelaksje op Kevin Magnussen. Syn bedoelingen wiene goed, de útfiering minder. It gefolch: it achttjinde en lêste plak. Max Verstappen wint opnij.
Foarôfgeand oan de race liet De Vries witte te hoopjen wat posysjes goed meitsje te kinnen. Hy wie net tefreden mei syn optreden yn de kwalifikaasje. Op de wiete baan hie er muoite om de limyt te finen, wat resultearre yn in achttjinde tiid. "Het had beter gemoeten", joech er earlik ta.
Nei twa dagen rein, waard de race wol ûnder drûge kondysjes riden. Ek dat ferge in omskeakeling foar de koereur út Twellingea dy't noch net earder yn Kanada ried. "We hebben weinig op een droge baan kunnen rijden, dus we hebben geen idee hoe goed de auto hier is, maar we gaan ons best doen en hopelijk kunnen we wat posities goed maken."

Kadootsje

Ien posysje krige hy kado trochdat teamgenoat Yuki Tsunoda trije plakken efterút set waard op de startopstelling. De Japanner waard bestraft foar it ophâlden fan Nico Hülkenberg en sakke hjirtroch werom nei it njoggentjinde startplak.
De AlphaTauri-koereur starte, krekt as hast it hiele fjild op de medium-bân. Hy kaam prima fuort, mar wist gjin posysjes te winnen. Tsunoda kaam tichteby, mar De Vries ferdigene goed en sette dêrnei de jacht yn op Bottas, wylst Tsunoda al nei in ronde nei de hurde bân wiksele.
© Red Bull Content Pool
Yn de tolfde ronde wiksele De Vries nei de hurde bân, in stadige stop wêrnei't hy as achttjinde wer de baan op kaam. Op hast itselde momint rekke George Russel hurd de muorre wêrtroch't de safetycar útride moast. Russel koe wol fierder, mar it soarge foar in plakje winst foar De Vries. Dy't by de herstart achter Stroll siet, foar Gasly en Russel.

Treintsje

Rondenlang soene se yn dit DRS-treintsje ride. Fan Piastri (tsiende) oant Russel (tweintichste) oant Stroll, Hulkenberg en Zhou harren twadde pitstop meitsje. Wêrtroch't De Vries yn ronde 34 ynienen as fjirtjinde efter syn teamgenoat ried, dy't optimaal profitearre fan alle pitstops by de safetycar.

Oanfal De Vries

Nei't Tsunoda de pits yndûkte, rûkte De Vries syn kâns. Hy sette de oanfal yn op Kevin Magnussen, remme let rjochting bocht 1 en woe ûnderlâns kruse. It idee wie goed, de útfiering minder. Russel profitearre en gie beide koereurs foarby.
De bocht dêrnei, besocht De Vries it nochris. Op 'e smoargens wie er te opportunistysk. In ferkearde ynskatting, seker by Magnussen, dy't gjin inkelde koereur romte jout. De Vries remme te let, blokkearre, wêrnei't se beiden fan de baan de útrinstrook opskood.
© Red Bull Content Pool
Fia in omwei koene se har paad wer ferfolgje. De Vries foel werom nei it lêste plak, mar pakte wer in plakje om't Magnussen nei de medium-bannen wiksele. Op âlde bannen waard De Vries úteinlik yn de 46ste ronde ynhelle troch de Deen. Krekt nei't it team De Vries oer de radio ynformearre foarearst gjin pitstop te dwaan. "We wachtsje oant der wat bart", sa seit Pierre Hamelin, engineer fan de Nederlanner.
Yn ronde 53 wiksele er dochs noch nei in set nije hurde bannen. Mar mear as útride siet der net mear yn foar de 28-jierrige.

Shit happens

Weromsjend op de race seit De Vries tsjin Viaplay: "Het was op een prima race tot die inhaalactie. Het was een hard gevecht. Ik kwam onderlangs bij Kevin na uitkomen bocht twee, daarna zat ik op het vuil, blokkeerde en ging rechtdoor. Wat mij betreft een race-incident." Magnussen is it mei him iens: "Shit happens."