"It is geweldich om as 17-jierrige makker op Oerol te stean"

Hedzer Seffinga fan Meeuw op Oerol © Moon Saris
Hoe fielt it om as jonge Fryske makker op Oerol in poadium te krijen? We fregen it Hedzer Seffinga en Rixt Siderius, dy't in selsskreaun ferhaal foardroegen op it nije festivalhert fan Oerol.
It projekt hjit 'Het Grote Onbekende'. De Fryske skriuwers krigen allinnich mar in foto fan in jonge dy't op Skylge wennet. Op basis fan dizze foto hawwe se in ferhaal skreaun dat se fertelden op Oerol.
'Het grote onbekende' op Oerol
Doe't Rixt Siderius de foto foar it earst seach, wie se fuortendaalks entûsjast. "Ik tocht, dit is in stoere jonge sa by in grutte masine. Hjir sit power yn, dy doart wat."
En dat lit se dan ek yn har ferhaal wer weromkomme. "Yn myn ferhaal giet hy nei Kanada, in grutte stap. Mar ik tocht: dat docht hy wol."
Rixt Siderius fan Meeuw op Oerol 2023 © Moon Saris
Nei it foardragen fan it ferhaal krije se te hearren wat foar jonge it echt is. En dat kin bytiden in ferassing wêze. "Ik hie net tocht dat hy strjitmakker wêze soe, earder wat mei natuer. Dat hy in fêste stamkroech hat, dat leauw ik wol", sa fertelt Hedzer Seffinga.
Syn ferhaal giet der oer dat de jonge fan de foto in boat fan syn trekker makket en de wrâld oer sylt. "Dat hy yn it echt wol in trekker rydbewiis hat, mar gjin gewoane, fûn ik wol grappich. De trekker is dus wol echt wichtich foar him en dat komt yn myn tekst ek werom, dat is echt hiel leuk."
Der is dit jier op Oerol in soad te sjen út Fryslân en it Noarden troch de gearwurking mei produskjehûs Explore the North, dy't plak hat yn de Westertsjerke yn Ljouwert. Sa is de nije foarstelling 'LORCA' fan Joost Oomen en De Poezieboys op Oerol yn premjêre gien.
It West-End Theater is it plak dêr't oare Fryske makkers, sa as popband KRT en muzikanten Wytse Dijkstra en Thomas Venema fan harren hearre litte. Ek 'Gepiekt op de middelbare school' wie hjir te sjen. En 'Het Grote Onbekende' dus, it ferhaleprojekt wêrby't ek noch gearwurke wurdt mei de jeugdteäterskoalle Meeuw.
Foar Hedzer is dit net it iennige wat hy docht op Oerol. Hy makket op Skylge ek noch syn rezjydebút 'Gepiekt op de Middelbare School' mei Iris Dicke. "It is echt bizar om as 17-jierrige mei in foarstelling op Oerol te stean: je wurde echt serieus naam. It fielt as in eare."
© -