Taeke Triemstra is Hotze Schuil foarby op ranglist fan bêste keatsers ea

Taeke Triemstra hoecht allinnich noch Piet Jetze Faber foarby om de bêste keatser ea te wurden. De keatser fan Sint Jabik helle yn syn thúsplak de finale by de haadklassepartij en is dêrmei Hotze Schuil no passearre op de ranglist. It gat mei de listoanfierder Piet Jetze Faber is njoggen punten.
Om Schuil foarby te gean moast Triemstra op snein yn Sint-Jabik mei Gert-Anne van der Bos en Erwin Zijlstra de finale helje. Dat slagge nei in oerwinning fan 5-2 6-2 yn de heale finale tsjin Menno van Zwieten, Gabe-Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar.
De oerwinning yn Sint-Jabik gie úteinlik net nei Triemstra-en-dy. Yn de finale wienen Tjisse Steenstra, Hans Wassenaar en Renze Pieter Hiemstra nammentlik mei 5-3 6-6 te sterk. Dêrmei pakten se foar de tredde kear op rige de oerwinning by in frijeformaasjepartij. It partoer fan Johannes van der Veen, Jorn Lars van Beem en Kevin Jordi Hiemstra pakte de tredde priis.
Hans Wassenaar nei syn oerwinning yn Sint-Jabik
By de froulju gie de earste priis nei Ilse Tuinenga, Marrit Zeinstra en Anne Monfils. It favoritepartoer wie yn de finale mei mar leafst 5-0 en 6-4 te goed foar Iris Veltman, Iris Oosterbaan en Sanne Idsardi.