Jacob IJsselstein (18) wol skiednislearaar wurde, mar set him ek yn foar de BBB

Jacob IJsselstein © Omrop Fryslân, René Koster
De 18-jierrige Jacob IJsselstein fan Langsweagen set him bot yn foar de BBB. Op dit stuit benammen as lanlik bestjoerssiktaris fan BBB Jong, de jongere-organisaasje fan de BoerBurgerBeweging.
Om't IJsselstein in stúdzje yn Grins ôfbrutsen hat, koe er him yn dit tuskenjier folslein foar de BBB ynsette. "Dat kaam moai út en ik fûn it fantastysk om te dwaan. Mei de provinsjale ferkiezingen en de oprjochting fan BBB Jong haw ik it hiel drok hân, mar dêr ek wer in soad fan leard."
Jacob komt net út in boerenêst (syn heit hat in autobedriuw) dochs fielt er him bot thús yn it BBB-fermidden. "Al bin it berne op It Hearrenfean, ik bin hûndert persint in jonge fan it plattelân en ek dat is de BBB!" Nei de simmer sil de Langsweachster yn it hbo oan'e slach mei in stúdzje foar skiednislearaar.

Debút yn Nijsfoarum

Snein makke Jacob IJsselstein syn debuut in it Nijsfoarum by de Omrop. As opinymakker prate hy mei oer saken as de lânbou- en de migraasjekrisis, jongeren en polityk, en de macht fan Europa.
Sa gie hy yn diskusje mei Raquel García Hermida fan De Gordyk dy't op kampanje is om foar D66 yn it Europeesk Parlemint te kommen en mei Jan-Willem Tuininga, fraksjefoarsitter fan de FNP yn de gemeente Ljouwert.

Europeeske ferkiezingen

De earstfolgjende plande ferkiezingen, binne dy foar it Europeeske Parlemint, takom jier. "Hoewol't wy as BBB Jong drok dwaande binne om ús eigen organisaasje op poaten te krijen, sjogge we dêr ek al wol nei hear. Want dy ferkiezingen binne foar ús ek wer belangryk", seit IJsselstein.
"Ik fyn dat we wol lid bliuwe moatte fan de Europeekse Uny, mar we moatte der wol om tinke dat ús eigen soevereiniteit hâlde. Gearwurking op bygelyks it mêd van lânbou, ekonomy en migraasje is hiel wichtich, mar oer hoe't Europa ús stikstofregels opleit, dêr bin ik hiel kritysk oer."
Jacob IJsselstein yn It Nijsfoarum fan Buro de Vries
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Beharkje hjir de folsleine útstjoering fan 18 juny.