Liveblog
|
18 juny
112-nijs fan 18 juny: Steuring op spoar tusken Ljouwert en Akkrum foarby | Motorrider ferwûne by Donkerbroek
Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
Lêst bywurke: 18 juny, 17:30
17:30
Beheiningen wer foarby
De steuring op it spoar tusken Akkrum en Ljouwert is wer oplost. De treinen soene fan 17.45 oere ôf wer normaal ride moatte.
16:39
Gjin treinen tusken Ljouwert en Akkrum
Der ride op it stuit gjin treinen tusken stasjon Ljouwert en Akkrum. Dat hat neffens de NS te krijen mei in stikkene spoarbrêge. Dat duorret oant 18.30 oere is de ferwachting.
It Fryske treinferkear hat de lêste tiid faker te krijen mei fersteuringen troch de spoarbrêgen. Yn de ôfrûne wike wie it seker fjouwer kear raak.
16:26
Motorrider ferwûne by Donkerbroek
Op 't West (N380) by Donkerbroek is fan 'e middei in motorrider ferwûne rekke. De motor botste op de efterkant fan in persoane-auto. De motorrider kaam dêrtroch te fallen. It is ûndúdlik wat dêroan foarôf gie.
In ambulânse hat it slachtoffer nei it sikehûs brocht. Hoe't hy der oan ta is, is net bekend.

11:52
Bekeuringen by baarnende scooter yn Menaam

De helptsjinsten krigen sneontejûn in melding fan in scooter, dy't by in stik bosk by de Graldasingel yn Menaam yn 'e brân stie. De brânwacht hat it fjoer útmeitsje moatten. Trije manlju hawwe in boete krigen yn ferbân mei it feroarsaakjen fan in situaasje dy't gefaarlik wêze kin, sa joech de wykplysje fan Frjentsjer-Súd oan, dy't nei it plak ta kaam wie.
11:07
Plysje mishannele yn Ljouwerter binnenstêd
Yn de Ljouwerter binnenstêd is yn de nacht fan sneon op snein in plysje mishannele. Doe't plysjeminsken mei in kontrôle dwaande wiene op it Ruterskertier, bemuoiden omstanners har dêrmei. In frou sloech in plysje ferskate kearen yn it gesicht en skopte ek om har hinne. It barde om 01.20 oere hinne.
De plysje frege twa razende manlju om fuort te gean en har net yn 'e wei te sitten. Om de situaasje net eskalearje te litten, ferhuze de plysje. Mar ek dêr kaam ien fan de manlju, mei de 22-jierrige frou út Ljouwert derby.
De frou is oanholden fanwegen mishanneling en de 45-jierrige man is oanholden fanwegen iepenbiere dronkenskip. De plysje hat te lijen fan flinke pine holle. Der wurde tsjûgen en kamerabylden socht troch de plysje.
09:15
Frituerpanne yn 'e fik yn Harns

Yn kafee Levels yn Harns hat ôfrûne nacht brân west. De helptsjinten waarden om twa oere nachts hinne allarmearre foar in wenningbrân boppe it ytkafee oan de Grote Bredeplaats. Neffens omstanners gie it om in brân yn in frituerpanne.
Om't it adres yn it sintrum fan de stêd wie, waard neist de brânwacht fan Harns ek dy fan Frjentsjer oproppen. Dat wie úteinlik net nedich, dus koe Frjentsjer werom. Der rekken foar safier bekend gjin minsken ferwûne. De útgeanslokaasje waard op it stuit fan de brân drok besocht, dêrom wie der ek plysje op it plak.