Artistyk lieder Sabine Pater wol Oerol mear op Skylge woartelje litte

It is in spannend momint om útein te setten as artistyk lieder fan Oerol. It is in jier fol feroaringen foar it festival dat dit jier foar it earst artistyk lieden wurdt troch Sabine Pater.
In nij festivalhert, wer strjitteäter en minder ekspedysjes en foarstellings. It festival hat in grins berikt: 25 jier lyn kamen der sa'n 35.000 besikers, mar yntusken binne it der mear as 50.000 it jier.
Der lizze in soad útdagingen foar de nije artistyk lieder fan Oerol
Dat makket dat it lykwicht tuksen kultuer en natuer hieltyd kwetsberder wurdt en dat fernimt Oerol sels ek. "Vorig jaar hadden we het gevoel dat het teveel was, ook al was het gelijk aan 2019", fertelt Sabine Pater.
"We moesten toen in verband met de ecologie zeven keer verplaatsen, er is weinig speelruimte." Dêrom binne der dit jier minder foarstellingen en ekspedysjes, al spylje de kosten ek in rol. It organisearjen fan in festival is folle djoerder wurden.
Reality check
"Dit jaar is voor ons een reality check, waar willen we naar toe?" Dochs kin Oerol net sûnder Skylge as dekôr, want dat makket Oerol Oerol. "We maken andere keuzes. Zo worden er geen aggregaten meer gebruikt, op één na backstage." Ek dy moat takom jier ek fuort wêze.

Om de foarstellingen hinne is minder wiidweidige entoeraazje, der is wer mear romte om de natuer te sjen en te belibjen. Eins is it wer wat mear werom nei de basis fan Oerol.
Dochs fielt de nije artistyk lieder har noch net beheind troch de kwetsbere natuer en stranger wurdende regeljouwing. "Gelukkig is het nog steeds een creatieve uitdaging. Het komt ook omdat de makers al heel veel met dit onderwerp bezig zijn. Bovendien liggen de onderwerpen hier voor het oprapen, hier speelt het."
Woartelje op it eilân
De ympakt fan Oerol op Skylge giet net allinnich om de natuer, mar ek om de minsken dy't hjir wenje, sa fynt Pater. Se hawwe ekstra wurk makke fan de woarteling op it eilân.
"Bij verduurzaming gaat het niet alleen om duurzaamheid en ecologie, maar ook om de plek en de mensen die er wonen. Hoe ga je om met de plek en de mensen die er wonen en hoe heeft dat invloed op het festival dat je maakt."
As foarbyld neamt se it strjitteäter. "We hebben dit jaar weer volop straattheater en dat is onder andere ingegeven door de roep vanuit de ondernemers."

Fierder besiket se mei de programmearing in breder publyk oan te lûken, yts dêr't Oerol al in skofke mei dwaande is. Sa as mei de foarstelling Remla fan Redouan Ait Chitt en Denden Karadeniz en it Amsterdams Andalusisch Orkest. It is in kombinaasje fan breakdance en Noard-Afrikaanske muzyk.

"Het is van makers die nog niet eerder werk hier hebben gedaan. We vinden het een mooie toevoeging op Oerol én ze hebben hun eigen bereik. Ze zijn bekend van dansprogramma's op tv."