It opheegjen fan it strân is no dúdlik te fernimmen, dêr is It Amelân bliid mei

It strân fan It Amelân wurdt ophege en dat is in gigantyske put
It strân by Hollum op It Amelân wurdt fan maaie oant en mei septimber meters ophege. It is de grutste sânoperaasje dy't oait útfierd is yn Nederlân. Alles is bedoeld om it eilân feilich te hâlden.
Foar de put wurdt goed trije miljoen kúb sân út de Noardsee nei it strân ta pompt. Yntusken is it hichteferskil dúdlik te sjen. De sânsuppleesje is nedich om de kustline op syn plak te hâlden. De westkust fan It Amelân slyt nammentlik flink.
Dat smyt gefaar op: noch net hiel lang lyn sloech in stik fan it strân om it paviljoen by Hollum fuort. Dêrom is de eigener fan de strântinte ek bliid mei it opheegjen. Spesjale baggerskippen ('sleephopperzuigers') sûgje it sân op fan de boaiem en transportearje it nei de kust. Mei in parslieding wurdt it op it strân spuite.