Fan in sixpack bier nei in sixpack op ’e búk: Bauke swimt mei Van der Weijden

Bauke Posthumus fan De Gordyk is ien fan de minsken dy't foar kankerûndersyk meiswimt mei Maarten van der Weijden. Mar hy swimt ek om't er 'de sixpacks bier ynruilje wol foar in sixpack op 'e búk.'
Maarten van der Weijden begjint snein oan de leafst 600 kilometer lange Alvestêdetriatlon. Minsken kinne dêryn ek stikken mei him meidwaan, sa ek Posthumus.
In pear jier lyn begûn hy te swimmen mei in pear freonen, mei wa't er yntusken it team Let's Swim foarmet. Troch corona waarden se twongen om yn iepen wetter te swimmen en dat begûn harren hieltyd mear te pakken te krijen.
Dêrom besleaten se om mei Van der Weijden mei te swimmen by de Alvestêdetriatlon. "It is in moaie útdaging en ek nochris foar in goed doel."

It doel dêr't Posthumus op doelt binne ûndersiken foar kankerbestriding. Hy hat ek yn syn eigen omjouwing te krijen hân mei kanker, dêrom is dat in motivaasje foar him. "Us mem is ferstoarn oan kanker en ek yn de neiste famylje ha we it al in pear kear belibbe."
It makket dat Posthumus graach jild ynsammelje wol foar it goede doel. De útdaging fynt er leuk, ek al fynt er it eins skande dat der jild ynsammele wurde moat om ûndersyk mooglik te meitsjen.
"It is wol nuver dat wy dat dwaan moatte. Dat wy yn in lân as Nederlân soks foarinoar krije moatte. Mar ach, it is ek in moaie swimútdaging. Want wa kin no sizze dat er de Alvestêdetocht swommen hat?", seit Posthumus.
Soad jild ynsammele
Yn totaal hat team Let's Swim al goed 3.500 euro ophelle. Dêrfan stiet sawat de helte op de namme fan Bauke Posthumus. In grut bedrach, mar hy soe net witte wêrom't minsken just oan him donearje. Mar dat it him wat docht, dat is in feit.
"Dat is wol hiel bysûnder, moat ik sizze. Ik skrok derfan doe't ik it earste grutte bedrach ynkommen seach. Ik ha kontakt opnaam mei dy persoan en ik hearde dat syn broer kanker hân hat. Dan hearst al dy persoanlike ferhalen. Letter krige ik ek noch in grut bedrach fan in frou dy't har mem en suster ferlern hat", seit Posthumus.

Dat al dat jild op in goed plak terochte komt, dêr twivelet er net oan. "Alles giet 100 persint nei it goede doel fan Maarten van der Weijden ta. Dat is by oare fûnsen noch wolris de fraach, tink ik."
Mear as allinne swimme
Yn 't foar kamen Posthumus en syn team derefter dat der ek in soad nije dingen op harren ôfkomme. "22 kilometer op trije ferskate dagen. Logistyk sjoen is dat noch wol in ding. Wy binne ek ôfhinklik fan hoe hurd oft Maarten swimme sil en hoefolle rêst er pakke sil."

Aldergeloks hawwe se dit in pear kear test en bepraat. "Mei himelfeartsdei ha we trije kear op ferskate tiden swommen. Moarns betiid om healwei seizen yn Lúnbert, tsien oere op De Jouwer en tolve oere op It Hearrenfean. In pear kear ferpleatse en twa kear in wiet pak oanlûke. Wat fernimme je dan en wat komme je dan tekoart?"
In moai persoan wêze
Mar nettsjinsteande alle ellinde stiet Bauke noch altyd posityf yn it libben. Hy wol dan ek oan oare minsken meijaan dat se besykje moatte om op in moaie wize âld te wurden. Dat ast letter yn in fakje yn de krante stiest, minsken oer dy sizze datst in moai persoan west hast, sa't Posthumus it seit.
"Fierder binne it de lytse dingen dêr't minsken gelokkich fan wurde. As se oan dy tinke mei in glimk, dat soe dochs moai wêze. En as it oan my leit drinke se der dan noch ien op."