De A7-tunnel of it nije Cambuurstadion besjen, it kin op de Dag van de Bouw

Yn hiel Nederlân binne sneon boulokaasjes iepen yn it ramt fan de Dag van de Bouw. Besikers kinne yn 'e kunde komme mei projekten, ek acht lokaasjes yn Fryslân binne iepen.
It evenemint wurdt foar de 16e kear organisearre. Ferline jier diene tsientûzenen minsken mei oan de dei, dy't organisearre wurdt troch Bouwend Nederland, de brânsjferiening foar bou- en ynfrabedriuwen.
"We willen mensen enthousiast maken voor de bouw", seit Albert Adema fan Bouwend Nederland. "Er is een personeelstekort en dus proberen we van alles uit. Met de dag van de bouw hopen we dat toekomstige medewerkers over de streep getrokken worden en zich aanmelden voor het vak."
De dei fan de bou by it Cambuurstadion en yn Grou
Acht Fryske bouputten
Yn Fryslân binne tusken 09.00 en 16.00 acht lokaasjes iepen. Sa wurde besikers by de Prinses Margriettunnel by Twellingea meinaam yn de problemen dy't der mei de tunnel spylje.
Fanwegen de feiligens is de tunnelbak net iepen, mar der is wol in spesjale tribune opsteld. Fan dy tribune ôf is it wurk goed te sjen. Meiwurkers fan it projekt fertelle oer it ûntwerp, de ûndersiken en de útfiering.
Sneupe yn it nije stadion
It bouplak fan it nije Cambuurstadion is ek iepen, dêr't de oannimmer sjen lit wat it takomstige stadion te bieden hat. Foar bern is der ek in speurtocht en minsken kinne har dream foar Cambuur efterlitte yn in tiidkapsule dy't begroeven wurdt.
De bern binne bliid mei de speurtocht. "Ik heb al twee antwoorden kunnen vinden", seit in famke fan 8 dat tegearre mei har broer oan de tocht meidocht. Fraach bliuwt wol oft alle tsien antwurden oplost wurde. "Het is best nog moeilijk dus ik weet niet of ik alles haal."
Fierder dogge Het Bureau yn Grou (earder it plysjeburo, mar straks in wenlokaasje), de teäterhal foar musikal De Tocht yn Ljouwert, de krusingen by de N359 by Boalsert en de nijbouwyk Middelsee, it Huis aan de Haven en de Middelseefeart yn Ljouwert mei.
Alle ynformaasje oer de Fryske projekten dy't meidogge oan de Dag van de Bouw, is op dizze side te finen.