Liveblog | 18 juny 2023

De sport fan 17 en 18 juny: Skûtsje Ingelskman wint Slach om Heech | Noppert ferliest derby

Yn dit liveblog folgje we de Fryske sport fan dit wykein.

Lêst bywurke: 18 juny 2023, 22:01
snein 18 juny 2023
22:01

De Vries einiget yn Kanada as lêste nei mislearre ynhelaksje

Nyck de Vries ried in prima, mar wol anonime, race oant syn ynhelaksje op Kevin Magnussen. Syn bedoelingen wiene goed, de útfiering minder. It gefolch: it achttjinde en lêste plak. Max Verstappen wint opnij.
17:57

Triemstra no op plak twa op keatsranglist

Taeke Triemstra hoecht allinnich noch Piet Jetze Faber foarby om de bêste keatser ea te wurden. De keatser fan Sint Jabik helle yn syn thúsplak de finale by de haadklassepartij en is dêrmei Hotze Schuil no passearre op de ranglist. It gat mei de listoanfierder Piet Jetze Faber is njoggen punten.
Taeke Triemstra (argyf) © Dijks Media
15:50

Skûtsje Ingelskman wint Slach om Heech

It skûtsje Ingelskman fan skipper Sikke Heerschop hat de Slach om Heech wûn yn de A-klasse. De Slach om Heech is in wedstriid foar IFKS-skûtsjes yn oanrin nei it kampioenskip yn augustus. Heerschop wûn trije fan de fjouwer races.
Sterke Jerke fan Piter-Jilles Tjoelker waard twadde. De tredde priis wie foar it doarp Eastermar fan skipper Gaele Tadema.
De A-klasse foar lytse skûtsjes waard wûn troch Welvaart fan Tjibbe van der Veer. Hy einige nei fjouwer wedstriden boppe Avontuur fan Joost Terpstra (twadde) en Nije Dei fan Harm van der Weiden (tredde).
sneon 17 juny 2023
22:54

De Vries achttjinde

Under drege omstannichheden hat Nyck de Vries him as achttjinde kwalifisearre foar de Grand Prix fan Kanada. Teamgenoat Yuki Tsunoda die it krekt wat better en start as sechtjinde.
21:48

Galama wint fierljeppen

Ysbrand Galama hat it fierljeppen yn Drylts wûn. Galama kaam ta in ôfstân 20,40 meter. Dêrmei sprong hy goed 30 sintimeter fierder as nûmer twa Sytse Bokma (20,07 meter).
By de froulju gie de oerwinning op 'e nij nei Marrit van der Wal.
21:39

Noppert ûnderút yn derby

Danny Noppert en Dirk van Duijvenbode binne útskeakele op de World Cup of Darts. De Nederlanners ferlearen yn harren earste wedstriid mei 8-7 fan België. Ferline jier helle it duo noch de heale finale.
Danny Noppert (argyf) © ANP Foto