Sietske Poepjes wol fierder as boargemaster, mar wol bûten Fryslân

It cv fan Sietske Poepjes © Omrop Fryslân
Ofswaaiend deputearre Sietske Poepjes wol it leafst boargemaster wurde, mar net yn eigen provinsje. "Eltsenien ken my hjir en ik ken Fryslân te goed", seit sy. "It soe net ferkeard wêze as ik efkes fan 'e pôle gean."
Poepjes is al sûnt 2011 deputearre en siet dêrfoar ek al fjouwer jier yn Provinsjale Steaten. Mar nei de lêste ferkiezingen hat bliken dien dat der in ein komt oan har taken yn it provinsjebestjoer.
Dochs wynt sy der gjin doekjes om wat har ambysjes oanbelanget. "As deputearre fûn ik de publike saak ek it mei minsken dwaande wêzen moai. Dus ik wol graach yn it iepenbier bestjoer bliuwe."
In nije baan as boargemaster liket har wol wat, mar om dat yn Fryslân te dwaan, soe 'net in goede saak' wêze. Ek al wiene der kollega's en foargongers dy't dat paad wol keazen.
Sietske Poepjes wol troch yn it iepenbier bestjoer, mar de fraach is wol wêr't dat kin
In funksje as Twadde Keamerlid of Europarlemintariër ambiearret Poepjes net, dêr is sy dúdlik yn. "Dat past net by my. Mei minsken wurkje, dat leit my mear. It gruttere ferhaal is mear oan oare minsken tabetroud."
Wat de takomst ek bringt: it CDA is en bliuwt har partij, al is de partij troch de lêste Provinsjale Steateferkiezingen desimearre. It CDA gie troch de helte en hold noch mar fjouwer sitten oer yn it Fryske provinsjebestjoer. Guon partijleden stapten oer nei nijkommer BBB, mar dêr wol Poepjes neat fan witte.
Ik tink dat wy te min nei de minsken harke hawwe en te faak efter in belied stien hawwe dat wy net geweldich fûnen.
Sietske Poepjes oer de minne ferkiezingsútslach fan it CDA
Poepjes is dúdlik oer de minne ferkiezingsútslach. "Dat hawwe je altyd oan jesels te witen. Ik tink dat wy te min nei de minsken harke hawwe en te faak efter in belied stien hawwe dat wy net geweldich fûnen. En miskien ek wolris wat tefolle de bestjoerderspartij úthongen."
It wurk as deputearre hie hichte- en djiptepunten, jout Sietske Poepjes oan
As sy weromsjocht, is Poepjes noch it meast grutsk op de grutte dykprojekten dy't slagge binne. It oanlizzen fan de Sintrale as, de heak om Ljouwert, de N381, de Noordwesttangent, knooppunt De Jouwer. "Dat dy op tiid en binnen budzjet ôfrûne binne, mei sa min mooglik lêst foar omwenners."
Al wiene genôch projekten al op poaten set troch foargongers, it moat noch wol barre, seit sy. "Mei bou komme der wolris apen en bearen op 'e dyk. Dêr hawwe wy wolris hâlden en kearen oan hân."

In draai yn Kulturele Haadstêd

Fierder fynt sy ek it Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018 it neamen wurdich. "Dêr mei Fryslân echt grutsk op wêze." It CDA wie yn 't earstoan gjin foarstanner, mar dêr is de partij wol op weromkaam.
Uteinlik sjocht Poepjes it as in foarrjocht dat sy it wurk fan har foargongers fuortsette mocht. "Ik bin der grutsk op dat it kolleezje fan Ljouwert en de provinsje ek noch in legacy op poaten set hawwe. Dat soks net yninoar klapt is", seit sy. "Dat de neilittenskip fan Kulturele Haadstêd trochgie, dat fyn ik moai."
Sietske Poepjes is ek bliid dat sy de Fryske taal wat mear ûnder de noas fan it Ryk krigen hat
Omkeard is sy net tefreden oer dat it oanlizzen fan glêsfezel yn de provinsje sa lang duorre hat. "En it twadde dat my dwerssit binne bepaalde dossiers mei famyljes of minsken dy't faak yn de buert fan in dyk wennen en dy't lêst fan provinsjaal belied hiene en dêr't wy net fluch of goed genôch op reagearre hawwe."
Sy neamt as foarbyld in part fan de N381 tusken Drachten en Easterwâlde. Minsken kloppen wol oan de doar fan de provinsje, mar it duorre somtiden te lang. "Dêr't ik it measte spyt fan haw, is dat wy net genôch each hiene foar minsken dy't fregen om in lûdswâl of mear skeafergoeding, datsoarte fragen."

De sjongende dyk

In blunder dêr't sy yntusken wol om gnize kin, is it sjongende asfalt dat yn 2018 op de N357 tusken Stiens en Ljouwert oanlein waard. Troch oer de streken op de dyk te riden, klonk it Frysk folkslied. Mar omwenners waarden gek fan it lûd. In pear dagen nei de feestlike iepening waarden de streken alwer fuorthelle.
"It wie in idee dat op papier hiel leuk wie, mar yn de útfiering minder. Dat wie echt net clever", jout Poepjes ta. "Dan moatst ek grut genôch wêze om te sizzen: exit."
Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Sietske Poepjes.
En no komt der in ein oan de tiid as deputearre yn Fryslân. Poepjes hie hope nei de ferkiezingen al earder ôfswaaie te kinnen. "De simmer is al aardich oan de gong. Myn gefoel sei dat ik dan wol wat mear tiid om hannen hawwe soe. Mar dat haw ik net foar it sizzen."
Wannear't it nije kolleezje oan de gong kin, wit se net. "Om Sietske Poepjes kin alles, want sy is oannaam om op in ordintlike wize op de toko te passen. Wannear't dat ophâldt, is oan oare minsken."
De cartoon fan Gerco van Beek © Omrop Fryslân