Resinsje Un dia nobo: "Kleurryk toaniel oer diskriminaasje"

© Lucas Kemper
"Waar kom je 'echt' vandaan?" In faak stelde fraach oan minsken mei in kleurke, dy't oars gewoan yn Nederlân berne binne. Pier21 makke in foarstelling oer diskriminaasje. In nije dei: kleurryk teäter, mar ek konfrontearjend. "Als je lacht val je niet op."
Dit jier is it 150 jier lyn dat de slavernij yn ús eardere koloanjes ôfskaft waard. In logyske kar foar David Lelieveld fan Pier 21 om krekt hjiroer in teäterfoarstelling te meitsjen. Neffens it selskip leit dêr ommers de kearn fan har sukses. Pier 21 makket foarstellings oer maatskiplike tema's, dy't prykje en diskusje op gong bringe kinne.

Skilderij

Mei de foarstelling 'Un dia nobo', Papiamentsk foar 'In nije dei', is dat slagge. De ferhaalline fan dit komplekse muzykteäter oer it slavernijferline fan Fryslân is eins frij simpel. De haadrollen wurde spile troch Yuli Minquel en Hiske Oosterwijk. Beide froulju krûpe yn de rol fan twa museum-suppoasten.
Se moatte weitsje oer in skilderij dêr't in swarte betsjinner, in jonkje noch, tusken de Fryske steedhâlder Hendrik Casimir I van Nassau-Dietz (1612-1640) en Willem Frederik van Nassau-Dietz (1613-1664) op ôfbylde stjit. Sinjant detail: it bewuste skilderij bestiet echt en hinget yn it Ljouwerter Stadhouderlijk Hof.
Hiske Oosterwijk en Yuli Minguel as museum-suppoast © Lucas Kemper
Wylst Hiske de rol fan de Fryske Wietske de Haan op har nimt, bliuwt Yuli ek by har eigen roots as Edsillia Dolores Myztica Geertruida. In Nederlanner mei in kleurke. Berne yn Ljouwert mar mei har foarteam út Kurasao. Krekt as Yuli sels.
As swart famke waard se konfrontearre mei it feit dat se oars wie. Minder. Dêrom ek dat sy no it rjocht opeasket om dit kear har ferhaal te fertellen. Planút!

Blokkear-Fries

En ja hear. Sa as de blanke Fryske taskôger ferwachtsje kin giet de bearput folslein iepen. Alle foaroardielen dy't oer Friezen bestean, wurde op it kleedsje smiten. En troch de Swarte Pyt-reboelje liket eltse Fries yn de eagen fan swart Nederlân in blokkear-Fries te wêzen.
Swart ja, want blank moat tenei ek wyt wêze. En slaven binne gjin slaven mear, mar 'tot slaaf gemaakten'. En let op. Wy Friezen moatte net sa skynhillich dwaan. Ek 'wy' binne troch in nasjonale held as Peter Stuyvesant ommers mei ferantwurdlik foar it transport fan 10 miljoen slaven. Stuyvesant kaam ommers út Weststellingwerf. Jaja, sa rêd ik der noch wol ien.
In lege skilderijlist mei in read jaske © Lucas Kemper
Konfrontaasjetoaniel dus. De styl docht my daliks tinken oan it saneamde 'Vormingstheater' fan eartiids. Yn de santiger jierren in populêre teäterfoarm, dy't selskippen as Proloog en it Werkteater brûkten om de saneamde hokjesgeast fan konservatyf, konfesjoneel en kapitalistysk Nederlân ôf te brekken.
It publyk moast de barrikaden op, sa nedich mei geweld. Tsjinwurdich wurdt foarmingsteäter benammen sjoen as wat belearend en dogmatysk. En ferhip, sjoch no ris, regisseur Kees Scholten fan In nije dei hat in link mei it 'Volksoperahuis' yn Amsterdam. En dus ha ik hjirmei in ekskús foar myn wjerstân fûn.

Spegel

Mar David Lelieveld wol de spegel fan myn ûngemaklike gefoel net fuortnimme. De foarstelling is nammentlik skreaun yn gearwurking mei sa'n 40 Friezen mei karribyske en Surinaamske ôfkomst. Sa fertelt hy yn in koart neipetear fan de try-outfoarstelling dy't ik seach.
Hja tochten al dat dizze konfrontaasje net hielendal lekker falle soe by de wite taskôger. Dat moat dan mar. Neffens Yuli nei 150 jier ek de heechste tiid. "We hebben ons te lang stilgehouden. Als je vriendelijk lacht val je niet op."
In lege skilderijlist wurdt stadichoan ynfold mei sènes út it ferliene © Lucas Kemper
Op it poadium yn de tún fan keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert stiet it bewuste skilderij dat de beide suppoasten beweitsje moatte. Dat wol sizze, de grutte list is leech, de ôfbylding sels ûntbrekt. Dêrfoar yn it plak hinget it reade jaske, symboal foar Sideron, de lytse slaaf oan it Steedhâlderlik Hôf.
En wis, de taskôger wit wat hjirmei ferbylde wurdt, mar nettsjinsteande kostet it bêst wat muoite om dat ferfúlde skilderij foar de geast te heljen. Hawar, moai om dan te sjen hoe't Hiske en Yuli dat plaatsje stadichoan ynkleurje en it publyk troch de list hinne meinimme yn it ferline. Mei op syktocht, de djipte yn. Ek al kin it sear dwaan.

Befrijd

Prachtich hoe't dan it skilderij dochs ta libben komt. Mei sênen oer de Fryske plantaazjehâlders dy't grut waarden troch slave-arbeid. Net mear, net minder. Hoe't fernedering en mishanneling middels wiene ta it ferrykjen en de beskerming fan de eigen posysje.
Hoe't Marijke Meu, de Fryske flaainamme foar Maria Louise van Hessen-Kassel, it publyk dan foarhâlde wol dat sy de lytse Sideron just befrijd hat fan de slavernij. Fan de twangarbeid op de plantaazje.
As betsjinner baait hy no ommers yn wielde, oanklaaid mei de moaiste klean fan de djoerste stof. It 'ynlânske' kommentaar fan de sydkant troch Edsillia liicht der net om. De frijheid is mar relatyf.
Yuli Minguel lûkt it publyk mei yn har emoasje © Lucas Kemper
Genôch is genôch! Sideron of Frederik binne likegoed slavenammen, is it ferwyt fan Edsillia. Kwaku hat ea syn namme west, Kwaku sil syn namme wer wurde. Net goederjousk, dan mar kweaskiks. Yuli nimt it publyk mei yn har emoasjes. Lilkens en ferdraachsumens lizze ticht bymekoar.
Se rekkenet ek op begryp. Just it Fryske folk moat ommers begripe hoe wichtich frijheid is: 'leaver dea as slaaf'. Regisseur Kees Scholten mei de hannen tichtknipe mei syn beide haadrolspilers. Hiske en Yuli wite mekoar treflik te finen yn personaazjes en sparje mekoar derby net as dat nedich is. Spannend en yntrigearjend moai.

Kadoke

Lokkich is it net allegear swiere kost en falt der genôch te laitsjen. En te genietsjen. Want Una dia nobo is om de drommel teäter en net allinnich in skiednisleske. Mei de autentike muzyk en de ritmyske dûnspartijen fan it selskip Untold út Amsterdam krijt dizze emansipaasjestriid foar eigen identiteit en kultuer in ferpakking yn waarme kleuren.
It slotliet is dan net minder as in kadoke. Foar ús allegear. Wyt, swart en der tuskenyn. Utpakke mar. Muzyk is ommers de taal dy't we allegear begripe kinne. Dêrom ek waard al earder it liet In nije dei songen yn it Frysk en it Surinaamsk: wan nyun dey. Letterlik as in nij begjin, in nije wei dy't meimekoar ynslein wurde kin. Wurde moat.
In stikje Frysk plantaazjeferline ta libben brocht © Lucas Kemper
In moai ein, soene je sizze. Mar nee, subtyl wurdt dan de fokus dochs noch efkes ferlein. Friezen binne grutsk op de eigen identiteit en taal? Dat jildt dan ek foar lângenoaten mei in ôfkomst fan de eardere wingewesten.
"Waarom wordt wel verwacht dat wij jullie taal verstaan, maar blijf je doof voor die van ons", is mear in statement as in fraach fan Yuli. En dus wurdt it oerwaagjend wite publyk útnûge om in oarspronklik liet út Curacao mei te sjongen: Bria bria. 'Lit it ljocht skine op ús allegear'.
It klinkt as in oprop om mear begryp te krijen foar in ûnderwerp dat noch altyd ûnderbeljochte is. Wa kin dêr op tsjin wêze?