Liuwinne Vasylyna út Charkiv begjint hieltyd better te 'setteljen' yn Nijeberkeap

© Omrop Fryslân
Liuwinne Vasylyne is oardel wike yn Nijeberkeap en begjint hieltyd mear te wennen. It twajierrige bist komt út Oekraïne en waard dêr as húsdier hâlden. Nei in ûntsnapping en in tiidsje yn in opfang yn har thúslân mei se no wenne oan in ferbliuw yn Fryslân.
In bytsje skruten komt liuwinne Vasylyna út har binnenferbliuw. Sy moat noch wat wenne oan nije minsken, hielendal as dy ek noch in soad guod meisjouwe. Dus: rêstich bewege en net tefolle ûnferwachte bewegingen meitsje, seit Simone Schuls, manager fan liuwe- en tigeropfang Felida.
Simone Schuls fan liuwe- en tigeropfang Felida © Omrop Fryslân
De traumatisearre liuwinne hat yn Oekraïne tusken bombardeminten omrûn, dan is it rêstige Nijeberkeap mei allinnich wat lûd fan fûgeltsjes in hiel kontrast. Mar de liuwinne giet yn grutte stappen foarút. "We zijn heel trots op haar, ik ben heel blij met wat ze nu al laat zien. Toen ze aankwam was ze echt heel erg bang. Ze doet haar best om alles te onderzoeken", seit Schuls.

Underfuorre en traumatisearre

De liuwinne kaam ûnderfuorre binnen, mei tinne efterpoaten trochdat sy net in soad lichemsbeweging hân hie. Dêrnjonken skrikt sy noch wat fan hurde lûden.
Hoe is it mei liuwinne Vasylyna?
Liuwen en tigers wurde wol faker opfong yn Nijeberkeap, opfangsintrum Felida is as ûnderdiel fan bistewolwêzenorganisaasje Four Paws spesjalisearre yn dizze bistesoarten. Op dit stuit hat de organisaasje fiif liuwen en ien tiger yn it ferbliuw. Allegear hawwe sy in spesjale behanneling nedich, foar guon fungearret it as in hospys.

Takomst

Mar foar Vasylyna sjocht de organisaasje in moaie takomst. Nei in medyske keuring is it plan is om de liuwinne te keppeljen oan liuw Nicolai, dy't deselfde leeftiid hat. "Leeuwen zijn sociale dieren, die leven in groepen, dus we willen proberen die twee bij elkaar te zetten. Dan moeten ze elkaar natuurlijk wel leuk vinden, dus dat doen we heel rustig aan."
As de liuwen folwoeksen binne - dat is as sy fjouwer jier âld binne - soe de dream wêze harren tegearre nei de opfanglokaasje yn Súd-Afrika ta te bringen. Yn it reservaat Lionsrock fan 1250 hektare hawwe de bisten in ferbliuw fan in hektare grut. "Ze kunnen nooit terug naar het wild maar in het reservaat kunnen ze wel nog een heel mooi leven hebben."